Steggerda
Ut Wikipedy
|
Steggerda is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdeastlik fan Wolvegea oer de Linde. It doarp hat likernôch 1.111 (2008) ynwenners. It heart dêrmei kwa ynwenners en kwa oerflakte by de grutte doarpen fan Westellingwerf. Der binne twa doarpskearnen, te witten Steggerda Tsjerke, grinzjend oan Pepergea en Steggerda Feart.
Yn de Midsieuwen ûntstie "Steggerden" op de linkerouwer fan De Linde. De Stellingswerfske foarm fan Steggerda is Steggerde, afgesliten fan it eardere "Steggerden", ek wol as "Steckarden" skreaun. Steg is ôflaat fan stigen, yn oarsprong is steg in ferhege paad troch in leechlizzend of sompich stik grûn. It twadde lid gerden betsjut omsletten romte of erde = eert ofwol greide.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Steggerda Tsjerke
Steggerda Tsjerke is in Roomske mienskip dy't yn 1580 al aktyf wie yn in lytse tsjerke oan de Overburen. Oan it begjin fan de 20e ieu waard de tsjerke ferpleatst nei de Pepergeawei, de roomske Sint-Frederikustsjerke. Fierders skaaimerkt dizze buorren him troch nijbou en in roomsk-katolike basisskoalle: Frederikus.
[bewurkje seksje] Steggerda Feart
Ungefear in kilometer eastliker fan Steggerda Tsjerke leit de twadde kearn mei in Nederlânsk herfoarme tsjerke oan de Kosterwei en basisskoalle De Triangel. Yn 2007 is de kristlike skoalle De Reinbôge sluten. It âlde molkfabryk, dy't letter brûkt waard as feilinghûs is yn de simmer fan 2007 sloopt om plak te meitsjen foar wenten. Ek is der in Harley-Davidson winkel te finen, inkele bedriuwen en pleatsen. Op de hoeke fan de Steggerdawei/Mulderstrjitte stiet in mânske swerfstien op in sokkel dy 't 200.000 jier lyn oanfierd waard út Skandinaavje yn de tredde iistiid.
Krekt bûten de buorren stiet in Saksyske pleats, in East- en Weststellingwerf steane noch mar in fjouwertal fan dit pleatstype, twa yn Aldeberkeap, ien yn Boyl en de lêste stiet yn Steggerda. Dizze is, yn tsjinstelling ta de oaren, noch yn goede steat bewarre bleaun. De yn 1731 boude pleats wurdt al dy tiid bewenne troch de famylje Homma. De hjoeddeiske generaasje produsearret en ferkeapet yn it skuorregedielte iis ûnder de namme 'De Saks'.
[bewurkje seksje] Mienskip
De feriening foar doarpsbelang hat syn gearkomsten yn It Anker.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Slach '87 - tennis
- Forward - kuorbal
- Foarútgong - iisclub
- folleybalferiening
- De Bûtenbieners - karnaval
- De Grensruiters - hynsteriden
- Crescendo - muzyk
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Boppewei, Bûtenwei, C Westerveldstrjitte, Ericawei, H Deddenstrjitte, Liemwei, Mulderstrjitte, Nije Boppewei, Oerbuorren, Pastoar Schuttestrjitte, Pepergeawei, Rûne Menning, Schokkersfean, Steggerdawei, Tjalling Nijkstrjitte, Turfhoekewei, Feartwei, Westfjirdeparten, Suderwei.