Sven Kramer
Ut Wikipedy
Sven Kramer (* 23 april 1986, It Hearrenfean) is in Fryske reedrider út Aldskoat. Hy is in soan fan âld maraton- en reedrider Yep Kramer.
[bewurkje seksje] Rinbaan
Yn 2004 wûn Kramer, noch mar 18 jier, en dêrmei junior, ûnferwachts it Nederlânsk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf. Dêrmei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip, dêr't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris, waard hy yn Moskou tredde op syn earste wrâldkampioenskip oer-alles.
Op 19 novimber 2005, ûnder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen yn Turijn, ferbettere Kramer by in Wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wrâldrekord op de 5000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike âld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide ûnder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de lêste bocht ûnder syn tjinstanner troch en sette in nije wrâldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard der efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.
In seizoen letter komt Kramer hielendal los. Hy wint trije ôfstânen op it NK Oer-alles. Twa moanne letter wint Kramer yn Collalbo it EK Oer-alles. Mei twa nije wrâldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, wurd hy mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wieken letter lit Kramer yn Thialf op It Hearrenfean op nij sjen de beste te wêzen. Hy wint de 5.000 en de 10.000 meter, wurd op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. Hjirmei wurd Kramer Wrâldkampioen Oer-alles.
[bewurkje seksje] Grutste suksessen
- 19 desimber 2004 - Nederlânsk kampioen Oer-alles op It Hearrenfean.
- 19 novimber 2005 - Wrâldtoptiid op de 5.000 m.
- 11 febrewaris 2006 - Sulver op de 5.000 m op de Olympyske Spullen yn Turyn.
- 11 febrewaris 2007 - Wrâldkampioen Oer-alles op It Hearrenfean.
- 30 desimber 2007 - Nederlânsk kampioen Oer-alles yn Grins, mei alle ôfstannen wûn .
[bewurkje seksje] Persoanlike rekords
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 36,41 | 9 febrewaris 2007 | It Hearrenfean |
1000 meter | 1.11,16 | 10 desimber 2006 | Collalbo |
1500 meter | 1.44,86 | 13 jannewaris 2007 | Collalbo |
3000 meter | 3.42,78 | 30 oktober 2006 | It Hearrenfean |
5000 meter | 6.03,32* | 17 novimber 2005 | Calgary |
5000 meter | 6.15,65** | 12 jannewaris 2007 | Collalbo |
10000 meter | 12.49,88* | 11 febrewaris 2007 | It Hearrenfean |
10000 meter | 13.10,44** | 15 jannewaris 2007 | Collalbo |