Swiet & Bjuster
Ut Wikipedy
De Fryske bluesband Swiet & Bjuster waard yn 1992 as duo oprjochte troch Oege Reitsma (gitaar) en Jacob de Boer (mûlharp en sang). Al gau kamen Jan Roel Hamersma (drum) en Brant Visser (bas) derby om de ritmeseksje te fersoargjen en waard Swiet en Bjuster in echte band. Se spilen ynearsten noch yn it Ingelsk, mar nei in moanne as wat waard it repertoire folslein Frysk.
Op Liet 93 wûn Swiet & Bjuster de twadde priis. It blueskwartet begeliede ûnder oaren Anneke Douma yn "It Woanskip". De groep bestie oarspronklik út Jacob de Boer (sang en mûleharmoanika), Jan Roel Hamersma (drums), Oege Reitsma (gitaar en teksten) en Brant Visser (bas). Yn 1997 kaam Erik Schippers der as twadde slachwurker by. Yn desimber 1998 beslút de groep om te stopjen. Dêrnei gean allinnich Oege Reitsma en Jacob de Boer troch as duo.