Trond Sollied
Ut Wikipedy
Trond Sollied (Mo i Rana, 29 april 1959) is in âld Noarsk fuotballer, meastal spyljend yn de ferdediging. Tsjintwurdich is hy trener fan de Belgyske fuotbalklub AA Gent.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Sollied kaam yn syn karriêre as spiler út foar de Noarske klubs Mo IL, Vålerenga IF, Rosenborg BK en Bodø Glimt. Hy spile 15 kear foar de nasjonale fuotbalploech fan Noarwegen, hjiryn wist hy ien kear te skoaren. Sollied stoppe yn 1993 mei fuotbaljen, wylst hy yn 1992 al begûn wie mei it trenen fan syn ploech Bodø Glimt, dat doe útkaam yn de earste divyzje, it twadde nivo yn Noarwegen. Yn dat earste jier as trener waard hy fuortendaliks kampioen. It jier dêrop, doe’t hy al stoppe wie mei fuotbaljen, waard Bodø Glimt twadde op it heechste nivo, en wûn er it toernoai om de Noarske beker. Yn 1996 waard hy ûntslein troch Bodø Glimt en helle Rosenborg him yn 1997 as assistint fan Nils Arne Eggen. Yn 1998 waard hy haadtrener fan de klub en helle hy de kwartfinale fan de Champions League.
Yn 1999 wurdt Sollied trener fan AA Gent. Ien sterk seizoen letter makke Sollied de oerstap nei de Belgyske topploech Klub Brugge. Yn fiif jier Klub Brugge wurdt hy twa kear lânskampioen en wint hy twa kear de beker en de Superkup. Yn de Champions League wurdt de ploech in duchtige tsjinstanner en mei ûnder mear oerwinnings op Ajax en AC Milan makket Sollied al rap namme as trener yn Jeropa. Sollied bliuwt oant 2005 by Klub Brugge en stapt dan oer nei Olympiakos Piraeus út Grikelân. Hy wurdt dêr nei rûm in jier ûntslein omdat de resultaten yn de Champions League efter bliuwe. Wol wit hy it lânskampioenskip en de Grykske Superkup te winnen. Hy komt 2007 werom by syn âlde klub AA Gent.
[bewurkje seksje] Karriêre
[bewurkje seksje] As spiler
- Mo IL (1976-1981)
- Vålerenga IF (1981-1984
- Rosenborg BK (1984-1992)
- Bodø/Glimt (1992-1994)
Nasjonale ploech:
- Wedstriden:15 (1 doelpunt)
[bewurkje seksje] As trener
- Bodø/Glimt (1992-1996
- Rosenborg BK (1996-1998)
- AA Gent (desimber 1998 oant mei 2000)
- Klub Brugge (juny 2000 oant juny 2005)
- Olympiakos Piraeus (july 2005 oant desimber 2006)
- AA Gent (juny 2007 -)
[bewurkje seksje] Prizen
[bewurkje seksje] As spiler
Mei Vålerenga:
- Noarske Earedivyzje: 1983, 1984
Mei Rosenborg:
- Noarske Earedivyzje: 1985, 1988, 1990
- Noarske beker: 1988, 1990
Mei Bodø/Glimt:
- Noarske Earste Divyzje: 1992
- Noarske beker: 1993
[bewurkje seksje] As trener
Mei Bodø/Glimt:
- Noarske Earste Divyzje: 1992
- Noarske beker: 1993
Mei Rosenborg:
- Noarske Earedivuzje: 1998
- Skandinavyske Masters: 1998
Mei Klub Brugge:
- Belgyske Earedivyzje: 2002-03, 2004-05
- Belgyske beker: 2003-04
- Belgyske Superkup: 2002, 2003, 2004, 2005
Mei Olympiakos:
- Grykske Earedivyzje: 2005-06
- Grykske beker: 2005-06