Tsjirk
Ut Wikipedy
Tsjirk | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Tringa totanus |
De Tsjirk (Tringa totanus) is in fûgel út de famylje fan de Snipfûgels (Scolopacidae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Tsjirk is in 25 oant 30 sm grutte greidefûgel. Hy hat hielendal brune fearren, mar is goed wer te kennen oan syn lange reade poatten en syn ready snaffel mei swarte punt. Besibbe soarten wêr't der wol wat op liket binne de krekt gruttere Grienskonk, mar dat ferskil is oan de poatten goed te sjen. Fierders is der ek noch de Sewyt dy't krekt sa grut is en ek reade poatten hat. Dy soart is lykwols by't simmerdeis folle donkerder, suver swart. By't winterdeis is de sewyt wer ljochter, mear brungriis.
[bewurkje seksje] Fersprieding
Yn Fryslân komme tsjirken allinnich by't simmer foar. Yn it Feriene Keninkryk en Portegal binne de bisten it hiele jier troch. Sommige tsjirken briede yn East-Jeropa en lûke yn'e winter nei it suden ta. Yn 2006 wiene der minder as 25000 briedpearen yn Nederlân, mei in justjes weromrinnende trend. De tsjirk stiet op de Nederlânske Reade List fan bedrige of kwetsbere soarten.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
It briedseizoen fan de tsjirk rint fan heal april oant yn juny. It brieden duorret 22 - 25 dagen. Dizze greidefûgel leit ornaris fjouwer aaien fan gemiddeld 45 x 32 mm, yn in kûltsje yn it gers, meastal yn in stik lân. De raaien om it nêst wurde oer it nêst bûcht, wêrtroch't it goed ferburgen is. Typearjend is dat de tsjirk faak op mar in pear meter ôfstân briedet fan it nêst fan in ljip. De tsjirk profitearret dêrtroch fan de techniken dy't de ljip hat om fijannen op ôfstân te hâlden.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Ynformaasje oer en foto's fan Tsjirken (ek jongen)
- SoortenBank.nl beskriuwung, ôfbylden en lûd
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Tringa totanus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |