Waarlamke
Ut Wikipedy
Waarlamke | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Gallinago gallinago |
It waarlamke (Gallinago gallinago) is in fûgel út de famylje fan de Snipfûgels (Scolopacidae). Oare Fryske nammen wêrmei it waarlamke oantsjutten wurdt: bletterlampke, himelgeit, maailamke, wjerlamke en wettersnip.
[bewurkje seksje] Uterlik
Folwoeksen bisten mjitte 23-28 sintimeter mei in spanmjitte fan 39-45 sm. Se binne fan boppe ryk skakearre brún, mei in ljochter ûnderliif. Opfallend is de dûnkere streek tusken de eagen. As se opfleane dogge se dat sigesage.
[bewurkje seksje] Biotoop
Se binne meast te finen yn moerassen, wiete greide en heidefjilden.
[bewurkje seksje] Ferspriedingsgebiet
It waarlamke komt algemien foar yn West-Europa en Noard Amearika. Lykas de measte waadfûgels, lûkt ek dizze winters nei kontreien mei sêfter waar.