Wide Burd
Ut Wikipedy
De Wide Burd is in feart yn de gemeente Boarnsterhim. De feart rint op De Burd noardeast fan Grou. It is mei de nei it westen rinnende Neare Burd ferbûn mei de Pikmar. Oan de eastkant komt de feart út yn de Wide Ie besuden Sytebuorren.
De namme Wide Burd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde Burd.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |