Wilhelmus à Brakel
Ut Wikipedy
Wilhelmus à Brakel (2 jannewaris 1635, Ljouwert - 30 oktober 1711, Rotterdam) wie in Nederlânske predikant yn de tradysje fan de Fierdere Reformaasje.
Hy is bekend wurden troch syn boek Redelijke Godsdienst, een laagdrempelige dogmatiek, bedoeld foar de gewoane tsjerkelear. De dogmatyk yn it boek ûnderskiedet him fan oaren fanwege de ûnderfining nei it persoanlike libben. Njonken it mear dogmatyske behannele Brakel ek saken as tankberens, it sjongen fan Psalmen en Kristlike nederigens.
Troch de tagonklikens hat it boek in protte ynfloed hân op it konservative Protestantisme. Ek hjoed de dei wurdt it noch hieltyd lêzen troch ûnder oaren minsken fan de Werstelde Herfoarme Tsjerke en de Grifformearde Gemeenten. Yn 2006 hat der noch in nije printinge west it boek.