Yndyk (Koudum)
Ut Wikipedy
Yndyk is in wetter dat tusken Hylpen en Koudum rint. It wetter giet ûnder it spoar Starum-Warkum troch. By Koudum komt de Yndyk út by De Grûnzen en de Krússleatsbrêge. Dit is de krusing mei De Grûnzen. Hjirnei krijt it de namme Krússleat dy't yn de Moarre út komt.
De namme Yndyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Indijk.