Alexander Graham Bell
From Wikipedy
Alexander Graham Bell (3 maart 1847, Edinburch - 2 augustus 1922, Baddeck) wie in útfiner.
Bell waard 3 maart 1874 berne yn Edinburch yn Skotlân. Yn 1870 ferfarre it húshâlden nei Brantford yn Kanada, en yn 1873 kaam er te wurkjen foar de Universiteit fan Boston. Dêr ûntwikkele er in ûntwerp foar de tillefoan, en op 14 febrewaris 1876 frege er dêr in patint op oan. Dat ûntwerp funksjonearre net, mar hy ûntwikkele in systeem dat al funksjonearre. Foar de eksploitaasje fan dat systeem rjochte er yn 1877 de Bell tillefoanmaatskippij op. Dizze bestiet hieltiid noch, no ûnder de namme American Telephone and Telegraph Company (AT&T).
Hoewol Bell faak neamd wurdt as útfiner fan de tillefoan, hawwe der ferskate persoanen earder west mei dy útfining. Nei alle gedachten is it Antonio Meucci dy't de eare takomt.
Bell wurdt al sjoen as de útfiner fan de metaalfiner. Hy makke dêr yn 1881 in earste ferzje fan om't James Garfield, presidint fan de Feriene Steaten, delsketten wie, mar de dokters de kûgel net fine koenen. Wat Bell fûn wie it metaal fan it bêd ûnder it lichem, dat it wie gjin sukses, mar de metaalfiner funksjonearre al.
Bell is 11 July 1877 ferstoarn op syn bûtenpleats Beinn Bhreagh yn Baddeck op Nova Scotia. Nei him is de ienheid foar logaritmyske fermogensferhâldings neamd: de Bel. De bekendere ôflieding dêrfan is de desibel, dB, oftewol 1/10 Bel.