Crackstate
From Wikipedy
Crackstate waard oprjochte troch grytman Hyppolytus Roelofs Crack yn 1608.
Yn likernôch 1648 hat Johannes Sytzes Crack in nij hûs delsette litten, mar it is al sa dat parten fan it âlde gebou dêrby opnaam binnenyn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange barokke styl fan Fryslân. De ûntwerper, Willem de Keyser. hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.
It pân waard yn 1833 ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. De gemeente It Hearrenfean hat it gebou sûnt 1949 yn besit en brûkt it sûnt 1952 as gemeentehûs. Yn 1993 hat Crackstate in ferbining krigen mei it nijboude gemeentehûs oan de K.R. Poststrjitte.