It Hearrenfean
From Wikipedy
Gemeente It Hearrenfean | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | P. de Jonge |
Haadplak | It Hearrenfean |
Gebiet - wetter |
140,15 km² - 4,97 km² |
Ynwenners | 42.653 |
Ferkearsieren | A7, A32, N380 |
Netnûmer | 0513, 0516 |
Postkoades | 8411 - 8459 |
Offisjele webstee | www.heerenveen.nl |
It Hearrenfean (Heerenveen) is in gemeente en flek yn it suden fan Fryslân, mei 42.653 ynwenners, wêrfan 28.402 yn de flekke sels (1 jannewaris 2004). It hat in gebiet fan 140,15 km2, wêrfan 4,66 km2 wetter.
De gemeente is yn 1935 foarme út de eardere gemeenten Aenjewier en Skoatterlân, en in part fan Haskerlân. Troch de gemeentlike weryndieling fan 1984 binne dêr noch parten fan oare gemeenten oan tafoege.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak fan de gemeente is It Hearrenfean, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldehoarne, Aldskoat, Bontebok, Gersleat, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe, Lúnbert, Mildaam, Nijhoarne, Nijskoat, It Oranjewâld, Terbant en Tsjalbert.
Ien fan de parten fan de flekke is Skoatterwâld.
[bewurkje seksje] Omskriuwing
It flek Hearrenfean is yn 1551 ûntstien op it plak dêr't de Skoatterlânske Kompanjonsfeart krúst waard troch de wei nei Oerisel, de wei fan Ljouwert nei Swol. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Mar hjoed de dei is it faaks it meast ferneamd troch iisstadion Thialf en SC It Hearrenfean mei it Abe Lenstra stadion, dat diel útmakket fan Sportstêd It Hearrenfean.