De Leijen
From Wikipedy
De Leijen is in mar fan 300 bunder op'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân. It soal is begjin 21e ieu útbaggere sadat de histoaryske fartrijehoek De Pein-Rottefalle-Eastermar wer yn eare hersteld is. Bûten it soal is De Leijen mar in meter djip. Om de rekreaasje te befoarderjen binne trije eilantsjes oanlein dy't troch in priisfraach yn 2006 harren nammen krigen ha: De Rôt, nei in âld beurtskip dat eartiids tusken Ljouwert en Rottefalle fear, Reitsma's Pôle, nei in âld-fiskersfamylje en De Baalder wat 'baggelder' betsjut as ferwizing de eardere turfwinning.