Smellingerlân
From Wikipedy
Gemeente Smellingerlân | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | B. Middel |
Haadplak | Drachten |
Gebiet - wetter |
126,18 km² - 9,52 km² |
Ynwenners | 54.053 |
Ferkearsieren | A7, A31, N381 |
Netnûmer | 0512, 0566 |
Postkoades | 8497, 9201 - 9223 |
Offisjele webstee | www.smallingerland.nl |
Smellingerlân (Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei 53.749 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in gebiet fan 126,91 km², wêrfan 9,52 km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Het gebiet fan Smellingerlân hat sûnt de lêste iistiid altyd bewenne west. De namme "Smellingerlân" komt fan it plak Smelle Ie, dat lang it wichtichste plak yn de omkriten waard. Yn 1392 waard al sprutsen van "Smellingeradiel", mei Smelle Ie as sit fan de grytman. Yn de 17e ieu wie it haadplak Aldegea. Yn dy ieu, yn 1641, waard ek de Drachtster kompanjonsfeart groeven, as in feanfeart. Dat wie gjin sukses, mar troch de feart krige dat gebiet in stimulâns, dêr't it flek Drachten út fuort kaam, wat it hjoeddeiske haadplak is.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is de flekke Drachten, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Boarnburgum, Drachtster Kompenije, De Feanhoop, Goaiïngahuzen, De Houtigehage, Koartehimmen, Nyegea, De Pein, Rottefalle, Smelle Ie, De Tike en De Wylgen.
Op'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder. De mar wurdt De Leijen neamt.