Dolsterhuzen
From Wikipedy
Dolsterhuzen is in doarp yn de gemeente Lemsterlân. It doarp hat likernôch 260 ynwenners (2004). De oarspronklike kearn fan it doarp leit dêr't de dyk ticht by de Tsjûkemar rint.
Om't oant 1984 Ychtenbrêge yn twa gemeenten lei, mei de grins troch de Pier Christiaanssleat, waard it part dat dêrfan yn Haskerlân lei ek ta Dolsterhuzen rekkene. Dy brêgebuorren foarmje no it grutste part fan Dolsterhuzen, al is de gemeentegrins yn 1984 ferdwûn.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |