Haskerlân
From Wikipedy
Haskerlân (Haskerland) wie in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 11.070 ynwenners (1 jannewaris 1958) en in gebiet fan 95,94 km².
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is Haskerlân opgongen yn de nije gemeente Skarsterlân, útsein Dolsterhuzen, dat by Lemsterlân kaam is.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak wie De Jouwer, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Dolsterhuzen, Haskerdiken, Haskerhoarne, Nijbrêge, Nijehaske, Aldehaske, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum, Sint Jansgea, Sniksweach en Vegelinsoard.