Ekonomy
From Wikipedy
Ekonomy is in sosjale wittenskip dy't de organisaasje fan de ferdieling fan de krappe middels/boarnen yn in mienskip bestudearret. Neffens guon ekonomen soe de definysje weze moatte: "De stúdzje fan hoe en wêrom minsken hannelje".
Ekonomen geane der fanút dat de boarnen beheind beskikber binne en dat it nedich is in kar te meitsjen tusken om foarrang stridende wizen om dy ta te passen en te brûken.
It wurd ekonomy stamt út it Gryks: oiko- fan hûs en nomos foar wetten of noarmen.
Ekonomy wurdt as regel ferdield yn twa fjilden:
- Mikro-ekonomy, dy't him dwaande hâldt mei gedrach en ynteraksje fan ien bedriuw of húshâlding.
- Makro-ekonomy, dy't de him dwaande hâldt mei it ferklearjen fan ekonomyske ûntjouwingen op gruttere skeal, lykas it nasjonaal ynkommen, wurkgelegenheid en ynflaasje.
[bewurkje seksje] Fraach en oanbod
Yn de ekonomyske wittenskip binne fraach en oanbod wichtige kearntema's.
Yn it foarste plak de oanbodkant fan de ekonomy. De oanbodkant hat as skaaimerk it ynsetten fan de produksjefaktoaren:
- Wurk
- Kaptaal
- Grûn
Neffens guon soe ek ûndernimmersynsjoch oan dat rychje tafoege wurde moatte. By de oanbodkant fan de ekonomy giet it om it meitsjen fan produkten. Dat kinne fysike produkten wêze, mar ek tsjinsten.
As twadde is dêr de fraachkant fan de ekonomy. It giet dêrby om de (foar)kar fan konsuminten, produsinten en de oerheden. Op de merk wurde fraach en oanbod op inoar ôfstimd en komt foar elts produkt in priis ta stân. Yn in frije merk wurdt hast alles stjoerd troch de priis. De oerheid spilet dêryn lykwols ek in rol troch it stjoeren yn budzjetten. Ek it konsumintebetrouwen spilet oan de fraachkant net swak by: as de ferwachtingen net goed binne, wurdt der minder bestege en mear sparre.