Eric Hoekstra
From Wikipedy
Dr. Eric Hoekstra (*6 april 1960, It Hearrenfean) is in Frysk skriuwer. Hy publisearre sawol poëzij as proaza. Hy is benammen bekend fanwege syn oersettingen nei it Frysk fan it wurk fan Friedrich Nietzsche. Hy krige dêrfoar yn 2002 de Dr. Obe Postmapriis.
Hoekstra is fierder bekend as literatuerkritikus en kolumnist. Under eigen namme en ûnder de pseudonimen 'Dr. Gleon', 'Dr. Tsjoen' en 'Justus' skreaun hy bydragen yn it Frysk Deiblêd en yn de tydskriften Kistwurk, Farsk, De Moanne, Hjir en Erosmos.
Eric Hoekstra hat in lange rige taalkundige publikaasjes op syn namme stean. Sa publisearre hy oer de Fryske ynfloeden yn Hollânske dialekten, dialektology, syntaksis, taalpolityk en taalferoaring. Eric Hoekstra is foarsitter fan de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân.
Yn 2000 ferskynde fan syn hân de (debút) dichtbondel De floeibere bân mei kommentaar per fers fan 'e dichter.