Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân
From Wikipedy
De Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF) stelt him ta doel om klassike literêre wurken yn it Frysk foar in grut publyk beskikber te meitsjen. Dat wurdt neistribbe troch publikaasje yn boekfoarm en op ynternet. ELF publisearret likegoed oarspronklik Frysktalich wurk as oersettingen út oare talen. Foarsitter fan de stifting is Eric Hoekstra.
ELF publisearre oant no 2004 ta de folgjende wurken:
- Utopia fan Thomas More, oersetting fan P.W. Brouwer
- Lof fan 'e healwizens (Moriae encomium) van Erasmus, oersetting fan P.W. Brouwer
- Karel ende Elegast, oersetting fan Klaas Bruinsma
- Béatrys (Beatrijs), oersetting fan Klaas Bruinsma
- Kening Lear (King Lear) fan William Shakespeare, oersetting fan Douwe Kalma
- Dat sei Zarathustra (Also sprach Zarathustra) fan Friedrich Nietzsche, oersetting fan Eric Hoekstra
- Oarekant goed en kwea (Jenseits von Gut und Böse) fan Friedrich Nietzsche, oersetting fan Eric Hoekstra
De stifting ELF wol yn de jierren nei 2004 it folsleine wurk fan William Shakespeare (yn de oersetting fan Douwe Kalma) en fan Friedrich Nietzsche (yn in oersetting fan Eric Hoekstra) útjaan, werby't as earste de sonnetten fan Shakepeare oan bar binne.