Frjentsjer
From Wikipedy
![de himrik fan Frjentsjer](../../../upload/shared/thumb/3/30/Map_NL_Frjentsjerteradiel_Frjenstjer.png/300px-Map_NL_Frjentsjerteradiel_Frjenstjer.png)
Frjentsjer (Franeker) is in stêd tusken Harns en Ljouwert, haadstêd fan de gemeente Frjentsjerteradiel, mei 12.977 ynwenners (1 jannewaris 2003).
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Frjenstsjer as alle Fryske stêden in selsstannige gemeente. Foar de Franske tiid hie Frjentsjer in universiteit. Pogingen om der op'e nij in universiteit te krijen binnen oant no ta op neat útrûn. Dochs in pear dagen yn it jier kriget Frjentsjer de status fan Akadeemjestêd werom; tusken Kryst en Aldjiersdei wurdt it Krystkongres organisearre. Dit kongres, dat mearder dagen duorret, fynt plak yn 'e Bogt fen Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân. It kongres wurdt alle jierren troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings organisearre (FFS), foar it earst yn 1930.
Frjentsjer is ferneamd fanwege de PC dy't hjir alle jierren hâlden wurdt en ek is hjir it Keatsmuseum. Frjentsjer is ek de stêd, dêr't Eise Eisinga syn planetarium boud hat.
Yn Frjentsjer wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen.
De Frjentsers hienen de bynamme fan "Klokkedieven" wat tsjintwurdich de namme is fan de pleatslike Basketbalferiening. Yn Om't yn Frjentsjer lang in psychiatryske ynstelling west hat, wurdt Frjentsjer yn ferskate siswizen yn Fryslân ferbûn mei minsken dy't net wiis binne: "Gean nei Frjentsjer", "Hy heart tús yn Frjentsjer", ensfh.