Herman Witsius
From Wikipedy
Herman Witsius (12 febrewaris 1636, Inkhuzen - 22 oktober 1708), of Hermannus Witsius, wie predikant, teolooch en fertsjinwurdiger fan de Fierdere Reformaasje.
Herman Witsius wie 12 febrewaris 1636 berne yn Inkhuzen as Herman Wits (of Witz), soan fan Claes Jacobsz. Wits, dy’t âlderling en boargermaster yn Inkhuzen wie. Neidat er privee klassyke talen leart hie, folge er yn Utert, en in jier yn Grins, de stúdzje yn de Teology. Hy krige dêr les fan Gisbertus Voetius en Johannes Hoornbeeck. Fan 1654 oant 1655 gong Witsius in jier nei de Universiteit fan Grins, dêr't er les hie fan Samuel Maresius.
Fan 1657 oant 1661 wie Herman Witsius predikant te Westwâld en doe oant 1666 te Wormer. Fan 1666 ôf wie er koarte tiid predikant te Goes, oant 1668 doe't er predikant te Ljouwert waard oant 1675. Hjirnei wie Witsius fan 1675 oant 1680 heechlearaar yn Frjentsjer, doe oant 1698 yn Utert en per slot oant syn dea yn Leien. Op 22 oktober 1708 is er ferstoarn. Herman Witsius is bedobbe yn de Buurkerk yn Utert.
Herman Witsius wie befreone mei Guijelmus Saldenus en Johannes à Marck. Doe’t hja meiïnoar yn Fryslân wennen hie der ek goede kontakten mei Wilhelmus à Brakel en dy syn frou Sara Nevius.
Inkelde troch him útjûne publikaasje binne:
- ’t Bedroefde Nederlant (It drôvich Nederlân) 1659
- Practycke des Christendoms (Praktyk fan it Kristendom) 1665
- Twist des Heeren met zynen Wijngaert (Skeel fan de Hear mei syn Wyngerd) (Ljouwert, 1669)
- De Oeconomia Foederum Dei cum Hominibus, libri quator (Fjouwer boeken oer de ferskate bedielings fan de testamenten fan God mei de Minsk) (Ljouwert, 1677)