Utert (stêd)
From Wikipedy
Utert, Hollânsk Utrecht (yn it lokale dialekt: Utreg of Utereg), is de haadstêd fan de provinsje Utert en de fierde stêd fan Nederlân (283.104 ynwenners per 1 mei 2006, bron: CBS). Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd.
De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, wêrtroch hjir in soad beurzen en konferinsjes plakfine.
Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek de sit fan in âld-Katolike en fan in roomsk-Katolike aartsbiskop.
It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Fanwege de Domtoer, stimpel fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.