Ids Postma
From Wikipedy
Ids Postma (* 28 desimber 1973, Dearsum) is in bekende Fryske reedrider en boer út Dearsum.
Yn de njoggentiger jierren helle Ids syn grutte suksessen. Ids begûn syn karriêre yn 1994 en waard fuortendaliks Nederlânsk kampioen by de senioaren. Hy waard twa kear wrâldkampioen reedriden oer-alles, ien kear Europeesk kampioen, twa kear Nederlânsk kampioen en wûn in gouden medaille op'e 1.000 m yn Nagano op'e Olympyske Winterspullen. Op 29 oktober 2004 naam er ôfskie as hurdrider. Hy wie fan doel syn oandacht te rjochtsjen op syn buorkerij.
[bewurkje seksje] Grutste suksessen
Wrâldkampioen oer-alles:
- 16 febrewaris 1997 yn Nagano.
- 15 maart 1998 op It Hearrenfean.
Europeesk kampioen oer-alles:
- 1997 op It Hearrenfean.
Nederlânsk kampioen oer-alles:
Olympyske Winterspullen:
- 1998 goud op'e 1.000 m
WK ôfstannen:
[bewurkje seksje] Fluchste tiden
- 500 m: 35,99 0 - 30 novimber 2001, Salt Lake City.
- 1.000 m: 1.09,15 - 16 febrewaris 2002, Olympyske Winterspullen yn Salt Lake City.
- 1.500 m: 1.45,41 - 19 febrewaris 2002, Olympyske Winterspullen yn Salt Lake City.
- 5.000 m: 6.32,92 - 30 jannewaris 2000, wrâldbekerwedstriid yn Calgary.
- 10.000 m: 13.45,91 - 15 maart 1998, Wrâldkampioenskip Oer-alles op It Hearrenfean.