From Wikipedy
De Lytse Tuorrebout (Typha angustifolia) is in skaai yn de Tuorrebout (famylje). De Lytse Tuorrebout komt foar oan wâlkanten, op sompen en yn reidlannen en is geskikt om yn middelgrutte of grutte fivers te plantsjen.
Dizze soarte hat slanker blêd as syn grutte broer, de Grutte Tuorrebout (Typha latifolia). Yn hichte ûntrint de lytse tuorrebout de grutte net safolle. In hichte fan twa meter is berikber. Yn juny/july bloeie alle soarten tuorrebout mei manlike en froulike ljochtbrune ieren, wêroan't de blommen sitte. By rypheid binne de froulike ieren gieleftich oant grieneftich. De froulike blommen sitte yn 'e oksels fan de lytse skutblêden.
List fan planten