Tuorrebout (famylje)
From Wikipedy
Tuorrebout (famylje) | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Typhaceae |
De Tuorreboutfamylje (Typhaceae) is in famylje fan iensiedlobbige planten. Dizze famylje wurdt troch de measte systemen fan plantensystematyk erkend, en ek troch APG (1998) en APG II (2003).
It giet om in lytse famylje, fan sa'n dozyn soarten yn ien genus. De famylje bestiet út ien skaai: Tuorrebout (Typha) mei twa fertsjintwurdigers in Fryslân en Nederlân:
- Grutte Tuorrebout (Typha latifolia)
- Lytse Tuorrebout (Typha angustifolia).
Fan rêstige wâlkanten ôf kinne dizze oerbliuwende sompeplanten oant 1,5 meter djipte groeie. Mei harren krêftige woartelstokken kinne se in tichte ouwerbegroeiing foarmje. De blommen steane ticht opinoar yn silinderfoarmige ieren, de boppeste ier mei manlike en de ûnderste mei froulike blommen.
Wrâldwiid bestiet de famylje út tolwe soarten, dy't tige wiid ferspraat binne, fan tuskenbeiden klimaten oant de tropen.
[bewurkje seksje] Fryske nammen
De tuorrebout wurdt ek wol bollepyst, dodde, doer, doer(e)bol, doerebout, doezebout, dule, duorre(bout), hembol, lampepûster, moddersnyl, poddeduorre, poepekul, pompeduorre, (reid)sigaar, sigge, smooksigaar, stjonksigaar, stjonkstôk, stoezebol, stoezebout, such, sugge of tuollebout neamd.
[bewurkje seksje] Eksterne links
- Typhaceae yn de Flora of North America