Nijfrysk
From Wikipedy
It Nijfrysk is it Frysk út de perioade nei ±1820.
Nei Gysbert Japiks syn dea duorre it oant it begjin fan 'e 19e ieu foar't syn oanset in ferfolch krige. Dat foel gear mei it begjin fan 'e Nijfryske perioade, dat ornaris om 1820 hinne pleatst wurdt, om't him doe de saneamde nijere brekking yn it Frysk oppenearre, it brekken fan it lûd yn "beam"-"beammen", "doas"-"doaske", ensfh., dat foartiid net plakfûn.
Fierwei it wichtichst ûnder de Fryske skriuwers en dichters fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde ieu wienen de bruorren Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), minnistysk dûmny te Boalsert en nei 1822 te Dimter, en Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dokter te Grou. De trêde broer, Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852), dy't bûterkeapman te Grou wie, stie wat de literêre ynhâld fan syn wurk oanbelange yn it skaad fan syn bruorren, mar syn folkslektuer foel der wakker yn by de gewoane man. It samle wurk fan 'e bruorren Halbertsma waard yn 1822 útjûn as in boekje fan 36 siden, yn in edysje fan twahûndert eksimplaren, ûnder de titel De Lapekoer fen Gabe Skroor. De twadde printinge, út 1829, hie 237 siden en de trêde, út 1834, hast 500. Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836, 1840, 1845 en 1858. Letter waard al it wurk fan 'e Halbertsma's sammele om postúm te ferskinen as it masterwurk Rimen en Teltsjes, it Fryske nasjonale literêre boek, dêr't yn 1993 de tsiende printinge fan útkaam en dat noch altiten populêr is.
Oare wichtige Fryske skriuwers en dichters út 'e 19e ieu wienen ûnder mear: Harmen Sytstra (1817-1862), Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), Waling Dykstra (1829-1914), Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910), Piter Jelles Troelstra (1860-1930) en dy syn frou Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer, mei de skriuwersnamme Nynke fan Hichtum.
Yn 'e tweintichste ieu waard de renêssânse fan 'e Fryske literatuer trochset troch skriuwers en dichters as Obe Postma (1868-1963), Geart Aeilco Wumkes (1869-1954), Simke Kloosterman (1876-1938), Reinder Brolsma (1882-1953), Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968), Douwe Kalma (1896-1953), Fedde Schurer (1898-1968), Ulbe van Houten (1904-1974), Nyckle J. Haisma (1907-1943), Douwe Annes Tamminga (1909-2002), Hylkje Goïnga (1930), Rink van der Velde (1932-2001), Trinus Riemersma (1938) en withoefolle oaren.