Prins Willem-Alexander
From Wikipedy
Prins Willem-Alexander (bêrne 27 april 1967, Utert), folút Willem-Alexander Claus George Ferdinand van Oranje-Nassau, Prins fan Oranje, Prins fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, Jonkhear fan Amsberg, is de âldste soan fan Keninginne Beatrix en de kroanprins fan Nederlân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Komôf
Willem-Alexander wie it earste bern fan Prinsesse Beatrix en Prins Claus. Hjirmei is er de troanopfolger. Doe't syn mem yn 1980 keninginne waard, krige er de titel fan 'Prins fan Oranje'. By syn famylje hjit er Alex, mar as Willem-Alexander kening wurdt dan sil dat wêze as Kening Willem IV.
[bewurkje seksje] Oplieding
De kroanprins gong nei de middelbere skoalle yn Baarn en yn De Haach. Syn tsjinstplicht die er by de Marine. Hy studearre oan it Atlantic College yn Llantwit Major yn Wales, dêr't er it ynternasjonaal bakkelaureaat helle. Doe gong er nei de Universiteit fan Leien dêr't er skiednis studearre; hy studearre dêr yn 1993 ôf. Yn syn oplieding foar it keningskip folgen doe noch kursussen by de oare parten fan it leger: de Loftmacht en de Lânmacht.
[bewurkje seksje] Funksjes
Prins Willem-Alexander ferskynt likernôch fyftich kear jiers by offisjele gelegenheden. Hy hâldt him dwaande op it mêd fan de rjochterlike macht, fan it binnenlânsk bestjoer en fan it bedriuwslibben. Fierders hat er him, op útstel fan syn heit, spesjalisearre op it mêd fan wetterbehear.
[bewurkje seksje] Sport
De prins is in sportleafhawwer. Hy docht sels oan ferskate sporten. Yn 1985 ried er ûnder de namme fan W.A. van Buren de Alvestêdetocht, en yn 1992 rûn er de Maraton fan New York. Hy is ek faak as taskôger by wichtige wedstriden. Under oaren wie er oant 1998 as taskôger oanwêzich by de Olympyske Spullen yn syn funksje fan beskermhear fan it Nederlânsk Olympysk Kommitee. Sûnt febrewaris 1998 is er lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee.
[bewurkje seksje] Húshâlding
Op 2 febrewaris 2002 boaske de prins mei Máxima Zorreguieta. De twa wienen dúdlik fereale, mar foar in soad minsken wie it in probleem dat de heit fan Máxima, Jorge Zorreguieta, part west hie fan de diktatuer yn Argentynje. Uteinlik waard dochs tastimming jûn foar de boask. Hjirút is op 7 desimber 2003 in famke berne, Prinsesse Catharina-Amalia. Op 26 juny 2005 waard in twadde famke berne, Prinsesse Alexia.