Súdwestgermaanske talen
From Wikipedy
De Súdwestgermaanske talen, ek wol Nederlânsk-Dútske talen neamd, foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. De talen fan dizze taalkloft wurde troch likernôch 132 miljoen minsken as memmetaal sprutsen.
Fierwei de wichtichste Súdwestgermaanske taal is it Dútsk, op ôfstân folge troch it Nederlânsk. Oare talen yn dizze taalgroep binne Afrikaansk, Lúksemboarchsk, Nederdútsk, Limboarchsk en Jiddysk. De measte taalkundigen beskôgje fierders it ier útstoarne Longobardysk ek as in Sudwestgermaanske taal, Hja beskôgje ek de fan it Dútsk ôfstamjende migrantetaalfoarmen Minnistedútsk, Hutteristedútsk, Pennsylvaansk en Wilamowytsersk as ôfsûnderlike talen. Ek rekkenje guon fan harren it Jenysk, in taal fan Sigeuners yn Dútslân en Switserlân, ta de Sudwestgermaanske talen. En ta einbeslút stribbet in part fan de sprekkers fan guon dialekten nei de status fan ôfsûnderlike taal, lykas foar it Sieusk/Westflaamsk, it Biltsk en it Switserdútsk.
[bewurkje seksje] Underferdieling
De Súdwestgermaanske talen kinne fierder opdield wurde:
- Súdwestgermaanske talen
- Nederfrankysk-Nedersaksyske talen
- Heechdútske talen :
-
- Dútske talen
- Dútsk, Lúksemboarchsk, Wilamowytsersk en it útstoarne Longobardysk
- Jiddysk
-
[bewurkje seksje] Foarbylden
Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Súdwestgermaanske talen.
|
[bewurkje seksje] Skiednis
De Súdwestgermaanske talen ûntstienen tusken it útinoarfallen fan de taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken, mûglik yn 'e 5de ieu, en it begjin fan de Súdwestgermaanske oerlevering, it Aldheechdútsk oan 'e ein fan 'e 8e ieu. De ferskate talen ûntstienen troch de gefolgen fan guon Ingveonismen en fan de Heechdútske lûdferskowings.