Dútsk
From Wikipedy
|
It Dútsk (Heechdútsk) heart ta de West-Germaanske tûke fan de Germaanske talen. It is de offisjele taal fan Dútslân, Eastenryk en Lychtenstein, en ien fan de offisjele talen fan Switserlân, Lúksemboarch, Belgje (Eastkantons) en Itaalje (Súd-Tirol). Yn ûnder mear Namybje (in eardere Dútske koloanje) en lannen fan it eartiidske Eastblok wurdt it ek sprutsen, mar sûnder offisjele erkenning. Yn it Aziatyske diel fan de eartiidske Sovjet-Uny is Dútsk noch de memmetaal fan sawat 2 miljoen ynwenners. Dit binne de saneamde Wolgadútsers (Wolgadeutschen). Hja waaarden ten tiid fan Stalin út harren berteplak ferdreaun en waarden nei Aazje deportearre. No (2006) libje se yn it Aziatyske diel fan Ruslân (sa. 800.000 ynw.), yn Kazachstan (900.000 ynw.), Kirgyzje (100.000) en Oezbekistan. Ek yn Noard-Amearika (Kanada en de F.S.) wenje der noch sa'n 2 miljoen minsken dy't as memmetaal it Dútsk hawwe. Yn Súd-Amearika is der ek noch in minderheid oan Dútsktaligen. Dy wenje benammen yn Brazylje, Argentynje en Paraguay.
Mei ûngefear 110 miljoen memmetaalsprekkers is Dútsk nei it Russysk de meast sprutsen taal yn Jeropa. Dit is allinnich basearre op numerike wearden. Ek yn Nederlân wurdt it Dútsk troch in soad as twadde taal sprutsen, en wurdt noch altyd op middelbere skoallen ûnderwiisd. Yn Venlo is der sels in twatalich Nederlânsk-Dútske skoalle.
In 786 waard foar de earste kear it wurd Dútsk brûkt: theodisce, wat letterlik 'yn de folkstaal' betsjutte. 'theudo' is ommers it âld-Germaanske wurd foar folk. De rest (-iska) is in suffiks.
It Dútsk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, dêr't fjouwer tekens oan tafoege binne: Ä/ä, Ö/ö, Ü/ü en ß. De ß jildt ek yn Switserlân, mar wurdt yn de deiske praktyk mar in bytsje brûkt, wol by it printsjen fan boeken.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Staveringsferoaring fan augustus 1998
Op 1 augustus 1998 waard de stavering fan it Dútsk wizige. Dizze stavering jildt foar Dútslân, Eastenryk, Switserlân en Lychtenstein. Dizze Staveringsferoaring is wat kontroversjeel. Foaroprinnende kranten as de Frankfurter Allgemeine Zeitung binne dan ek wer oergien op de âlde stavering fan foar 1998. Ek Nobelpriis-winnaresse Elfriede Jelinek hat al oanjûn dat hja tsjin de nije staveringsferoaring is.
[bewurkje seksje] Wichtichste feroarings
- De ß wurdt allinnich noch brûkt nei lange lûden en twalûden. Nei de wiziging is it bygelyks noch altyd Fuß (foet) en Straße (strjitte), mar Fluß (rivier) en Anschluß binne feroare yn Fluss en Anschluss. Meer hjiroer op de side oer de ringel-s.
- It weifallen fan in tredde, selde bylûd yn gearstallings is skrapt. It eardere Schiffahrt (skipfeart) is no Schifffahrt.
[bewurkje seksje] Grammatika
It Dúts hat fjouwer namfallen:
- de nominatyf: it ûnderwerp en namwurdlik diel fan it stelde
- de genityf: útdrukken fan de besitter en oanfolling by tiidwurden/foarsetsels
- de datyf: it meiwurkjend foarwerp en oanffolling by tiidwurden/(kar)foarsetsels
- de akkusatyf: it saaklik foarwerp en oanfolling by tiidwurden/(kar)foarsetsels
Bij de karfoarsetsels is de datyf foar it plak en it tiidstip en de akkusatyf foar de rjochting. As it om gjin fan beide giet, wurdt altyd de datyf keazen, útsein by auf en über.
Ferbûging lidwurden (der en ein groep):
Manlik Froulik Ûnsidich Mearfâld 1. Fall Der Die Das Die ein eine ein (keine) 2. Fall Des (+s) Der Des (+s) Der eines (+s) einer eines (+s) (keiner) 3. Fall Dem Der Dem Den (+n) einem einer einem (keinen (+n)) 4. Fall Den Die Das Die einen eine ein (keine)
[bewurkje seksje] De Dútske dialekten
Yn it Dútske taalgebiet kin men 2 grutte dialektgroepen ûnderskiede. Ta it Nederdútsk wurdt û.o. de folgjende dieldialekten rekkene: it Bremer Dútsk en it West- en East-Faalsk, it Neder-Frankysk, it Neder-Pruisysk en it Noard- en East-Frysk. Oan de oare kant is der it Heechdútsk, dat út it Middeldútsk (mei û.o. it Moezelfrankysk, it Reinfrankysk, it Hessysk, it Thüringysk en it Oberdeutsch (mei û.o. it Alemannisch, it Beiersk en it Súd- en East-Frankysk) bestiet. It grutte ferskil tusken dizze twa grutte dialektgebieten is de al dan net trochfierde twadde of Hoogdútske klankferskowing. Sa sil men yn it Nederdútske dialekt earder 'pund, 'water' en 'ik' sizze, wylst Heechdútske dialektsprekkers earder 'pfund', 'wasser' en 'ich' sizze sille.
[bewurkje seksje] Dútsk en Kontinintaalwestgermaansk
Yn de âldere taalwittenskiplike literatuer wurdt it begrip Dútsk bytiden as synonym foar it begrip Kontinintaalwestgermaansk brûkt. Beide begrippen bedoele it hjoeddeiske Dútsk en Nederlânsk, dus it Westgermaansk sûnder Ingelsk en Frysk.
Dit is basearre op in idee dat men tsientallen jierren fan de Westgermaanske talen hie. Men naam in Westgermaanske taal oan dy't him letter opdielde yn it saneamde "Anglo-Frysk" (Ingelsk en Frysk) en it "Oer-Dútsk" (koart "Dútsk"), de foarrinder fan de hjoeddeiske talen Dútsk en Nederlânsk. Dizze yndieling waard yn 1898 foar it earst makke troch de Dútske taalwittenskipper Karl Müllenhoff. Al yn 1943 stelde de Dútske taalwittenskipper Friedrich Maurer in oar (en krekter) model foar. [1]
Tsjintwurdich beskôget men de yndieling yn "Anglo-Frysk" en "Dútsk" (en dus ek it begrip Oer-Dútsk) as te ienfâldich en as net foldwaande. [2] [3]
[bewurkje seksje] Boarnen
- ↑ Claus Jürgen Hutterer, Die Germanischen Sprachen, Wiesbaden 1987, ISBN 3-922383-52-1; p. 69-70
- ↑ A. van Loey, Schönfelds Historische Grammatica van het Nederlands, Sufen 1970; p. XXV = haadstik IV
- ↑ Adolf Bach, Geschichte der deutschen Sprache, njoggende printinge, Wiesbaden; §50 = p. 88-89
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- List fan Dútske wurden en útdrukkings yn de Nederlânske taal
- Dútsk yn Nederlân
- Kombuis-Dútsk
[bewurkje seksje] Eksterne links
- www.duits.de — Mânske webstee oer Dútske taal, kultuer en skiednis.
- Online wurdboeken en -listen en tekstoersetter Nederlânsk-Dútsk
- Dútske Akademyske Utwikselingstsjinst
- Dútske webstee om immen te finen dy't jo ûnderwiist yn útwikseling mei jo taal
- Kennis fan it Dútsk yn Belgje, Nederlân en de rest fan de Jeropeeske Uny
- Handige sinnen oersetten yn it Dútsk