Strawelte
From Wikipedy
Strawelte wie in Fryske punkband út de omkriten fan De Harkema dy't tusken 1986 en 1990 rûnom yn Fryslân spilen en bekend stienen om harren Fryske teksten en entûsjaste optredens.
De band waard yn't lêst fan 1986 oprjochte troch Foppe Land dy't mei Paul Alma (gitaar), Cor 'Pablo' de Haan (Bas), Johannes 'Smurf' Stienstra (gitaar) en Freddie Ploeg (drums) de band begûn ûnder de namme de Chickencatchers. Harren earste optreden hiene se op 6 maaie 1987 yn it jongereinsintrum it Koartling yn Bûtenpost wêr't se ek harren oefenromte hiene.
Nei dit earste optreden gie Johannes Stientra út de band en begûnen se yn it Frysk te sjongen. De namme waar feroare yn Strawelte en se krigen hieltiten mear optredens. Yn it foarjier fan 1988 stie it earst gruttere optreden op it programma, op Aaipop yn Nijlân. Nei oanlieding fan it ferslach yn de Ljouwerter Krante wurdt fanôf no Strawelte altiten yn ien azem neamt mei de term Willepunk, de oersetting fan it nederlânske pretpunk dy't de ferslachjouwer fan de LC brûkte om de muzyk fan Strawelte te omskriuwen. Ek yn 1988 kaam der in sammelelpee út fan it Koartling mei derop trije nûmers fan Strawelte.
Neidat se dat jier fjirde waarden yn de finale fan de Kleine prijs van Sneek, stoppe Freddie Ploeg. Syn plak waard ynnaam troch Harry Alma it bruorke fan Paul. Letter diene se ek mei oan de foarrûnen fan it Dokkumer Popkonkours, der wie immen út Litouwen dy't Strawelte graach foar in pear optredens yn Litouwen ha woe. Dus gie Strawelte yn april 1989 nei Litouwen foar twa optredens yn Vilnjoes en Kaunas. Troch de wiidweidige ferslachjouwing fan de meireizge ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante Jacob Haagsma krigen se hjirtroch ek wer in bulte publisiteit. De bas wie tidens dit Litouwske aventoer oernaam troch Klaas Land, de broer fan Foppe. Nei weromkomst waard de bas oernaam troch Sjoerd Plantinga in fan fanôf it begjin dy't graach meispylje woe.
Ek brocht de band nei de demo Roech as tou, in elpee út mei de titel Teiwaar yn Tytsjerksteradiel.
Nei in protte optredens, ein 1989 en begjin 1990 beslút de band der mei te stopjen, it ôfskiedskonsert wurdt op 29 juny 1990 hâlden yn Bûtenpost.
Mar krekt letter wie der al in reuny optreden op Wâldrock yn Burgum. En yn 1991 komt der noch in sammel-cd út mei de measte nûmers ûnder de namme Greta's Tits.
[bewurkje seksje] Diskografy
- 3 nûmers op sammel elpee 'Koartling',LP 1988 - Cave Productions
- Rouch As Tou, Demo 1989
- Teiwaar Yn Tietsjerkstradiel,LP 1989 - Top Hole
- Us Hûn Is Dea... Kroandea, single 1990 - Top Hole
- Wâldrock Reunysingel,single 1990
- Greta's Tits,CD 1991 - Top Hole
- 1 nûmer op de FP Promosingle,single 1991 - Friesl.Pop