Litouwen
From Wikipedy
|
Litouwen is in lan op it Baltikum yn Noardeast Jeropa. De haadstêd is Vilnjûs en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Valdas Adamkus. It is it grutste en súdlikste fan de trije Baltyske lannen.
Litouwen wurdt begrinze troch:
- Letlân yn it noarden,
- Wyt-Ruslân yn it súdeasten,
- Poalen yn it suden,
- de Russyske eksklave Kaliningrad yn it súdwesten,
- de Eastsee yn it westen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De skiednis fan Litouwen rint noch net lang gear mei dy fan de oare Baltyske lannen. Oars as Letlân en Estlân, wie Litouwen ea in machtich lân, wat rikte oan de Swarte See ta. De 20e ieu ferrûn foar it grutste part ûnder hegemony fan Ruslân en de Sovjet Uny, dêr't Litouwen him, as de earste fan de Baltyske Steaten, op 11 maart 1990 frij fan makke. Sûnt 1 maaie 2004 is Litouwen part fan de Jeropeeske Uny.
[bewurkje seksje] Geografy
Neffens guon geografen leit it sintrum fan Jeropa yn Litouwen, in pear kilometer noardlik fan Vilnjûs.
[bewurkje seksje] Hichte
Litouwen is frij flak, mei útsûndering fan morenen yn it easten en westen. It heechste punt is de Juozapines mei in hichte fan 292 meter, yn it Heechlân fan Medininkai.
[bewurkje seksje] Wetter
Litouwen hat 99 kilometer kust, wêrfan 38 kilometer oan de Baltyske Golf sels. De wichtigste haven fan Litouwen is Klaipeda, oan de mûning fan it Koerske Haf, dêr't ek de grutste rivier fan Litouwen, de Neman, yn út komt. Yn it flakke lân lizze ek in protte marren. De grutste mar is it Kauno Mar.
[bewurkje seksje] Kaart
boarne: The World Factbook CIA
[bewurkje seksje] Bestjoer
It parlemint fan Litouwen, de Seimas, hat ien keamer, mei 141 lea, dy't foar in periode fan fjouwer jier keazen wurde, mei in mingde leden systeem: Der wurde 71 keazen fia in direkte fertsjintwurdiging, en 70 fia proporsjonele fertsjintwurdiging. Premier is sûnt 4 july 2001 Algirdas Brazauskas.
Bestjoerlik is Litouwen opdield yn tsien provinsjes.
[bewurkje seksje] Gearwurking
It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1993 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Litouwen hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.