Strobosser Trekfeart
From Wikipedy
De Strobosser Trekfeart is in feart dy't rint fan Dokkum nei Gerkeskleaster, dêr't er yn it Prinses Margrietkanaal útkomt.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Ferbining mei Grins
De Strobosser Trekfeart is yn de jierren 1654 - 1656 groeven yn opdracht fan it stêdsbestjoer fan Dokkum. Dokkum woe it ferlies fan skipfeart troch it tichtslykjende Dokkumer Djip goed meitsje troch in bettere ferbining oer binnendyks wetter mei Grins. Nei foarbyld fan de trekfeart fan Harns nei Ljouwert waard de feart útfiert as in trekfeart, mei neist de feart in jaachpaad dêr't de hynders fan de trekskippen rinne koenen.
[bewurkje seksje] Dokkum fallyt
De oanlis fan de feart koste de stêd 245.755 gûne, en de stêd sette dêrom tolhuzen by de feart om it jild werom te krijen. Wat der oan jild binnenkaam wie lykwols net genôch, en yn 1682 gong de stêd fallyt en waarden feart en tolhûzen oerdroegen oan de skuldeaskers. De tolhuzen bleaunen yn gebrûk, om't ek de nije eigners harren jild werom hawwe woenen.
[bewurkje seksje] Tolhuzen
De tolhuzen stiene op de neifolgende plakken:
- benoarden Wâlterswald, op 'e hichte fan de brêge by de Dokkumer Leane.
- by Eastwâld, op 'e hichte fan de brêge ne Keatlingwier.
- by Aldwâld, by it Kollumer Fallat - op 'e hichte fan de brêge fan de Lauwersmarwei.
- eastlik fan Bútenpost, by de brêge fan de Grinzer Strjitwei.
[bewurkje seksje] Provinsje en Ryk
Yn 1779 waard de provinsje eigner fan de feart. Yn 1810, mei it ferdwinen fan it Keningryk Hollân, wuaard de trekfeart eigendom fan it Frânske keizerryk, en earst yn 1819 wurdt de feart wer provinsjaal. Sûnt 1879 is de feart wer ryksbesit.
[bewurkje seksje] Lizzing
De Strobosser Trekfeart rint fan Dokkum yn súdeastelike rjochting oan de noardkant fan Wâlterswâld en Driezum. Dan krúst de trekfeart de Swemmer dy't fan de Burgumer Mar nei Dokkumer Nije Silen rint. Dêrnei rint de trekfeart súdlik fan Westergeast, Aldwâld en Kollum. Nei Kollum leit in skerpe bocht yn de feart wêrnei't dy in súdlike rjochting fierder rint, by Lytsewâld del om by Gerkeskleaster yn it Prinses Margrietkanaal út te kommen.