Westfrysk
From Wikipedy
|
It Westfrysk is it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt yn 'e lânstreek West-Fryslân, dy't it noardeastlike part fan 'e provinsje fan Noard-Hollân omfettet, útsein de Wieringermarpolder en it eardere eilân Wieringen. Foar in part wurdt it Westfrysk ek sprutsen yn 'e yn 1930 droechleine Wieringermarpolder, mar dêr meitsje de sprekkers mar in hiele lytse minderheid fan 'e befolking út.
It is net bekend hoefolle sprekkers der presys binne, mar in skatting op basis fan ynformaasje út 1999 kaam út op in oantal fan heechút 30.000, wat minder as 10% fan 'e befolking fan West-Fryslân (320.000 minsken) is.
It Westfrysk makket diel út fan 'e gruttere Westfryske dialektgroep fan it Hollânsk, dêr't ek it Wieringsk, it Tekselsk, de dialekten fan 'e Noardseekust fan Den Helder oant Kastrikum en it no útstoarne Flylânsk ta hearre.
Oant 'e ein fan 'e Midsieuwen waard der yn West-Fryslân Frysk sprutsen, mar nei't greve Floaris V yn 1289 de Westfriezen ferslein en ûnderwurpen hie, waard dat stadichoan ferkrongen troch it Hollânsk.
Ut dat proses ûntstie it Westfrysk, dat him benammentlik fan 'e oare Hollânske dialekten ûnderskiedt troch it bestean fan in Frysk substraat, dat ieuwenlang sterk oanwêzich bleau.
Troch de grutte ynfloed fan it Nederlânsk is it Westfrysk sûnt 'e ein fan 'e achttjinde ieu sterk yn it neigean rekke.
Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de Westfryske foarmen mei har Nederlânske en Fryske ekwivalinten.
|