Wjelsryp
From Wikipedy
Wjelsryp (offisjeel Frysk) is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente Littenseradiel. It leit likernôch 5 kilometer súdeastlik fan de stêd Frjentsjer, op in langhalige kwelderwâl dy't al foar Kristus bewenne wie. By terpôfgravings waarden munten, diggelguod en in gouden ring út de Romeinske tiid fûn.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wjelsryp diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke
Yn de 11e ieu is it tsjerkje boud dat wijd waard oan de hillige Ursula. Yn 1834 is de stompe toer ynstoarten. Yn it plak fan de toer kaam op de tsjerke in dûknekkich spitske. Wjelsryp en Baaium foarmje tegearre in tsjerklike gemeente.
[bewurkje seksje] Skoalle
Yn it doarp fynt men in kristlike basisskoalle, De Grûnslach, dy't besocht wurdt troch sa'n likernôch 80 bern út Wjelsryp en Baaium. De kristlike skoalle waard yn 1872 oprjochte.
[bewurkje seksje] Middenstân en yndustry
Winkels fynt men hjoeddedei (2004) net mear yn Wjelsryp. Yn 2003 hold sels de S.R.V.-man op mei suteljen. Wol binne der noch twa timmerbedriuwen, in skildersbedriuw en in smidterij/metaalferwurkingsbedriuw.
[bewurkje seksje] Ferienings
Wjelsryp hat in ryk ferieningslibben. Men fynt der û.o. in keatsferiening, in muzykkorps, in koar, in badmintonferiening, in biljertklup, in gymnastykferiening ensfh. In soad aktiviteiten fine plak yn it doarpshûs Yn 'e Mande.
[bewurkje seksje] Ramp
Op 21 novimber 1960 fûn der in slim fleantúchûngelok plak yn Wjelsryp. In strieljager stoarte del op it pleatske fan de famylje Postma. Tjerk en Richtje Postma en harren 4 bern Trijntje, Aaltje, Willem en Gerrit binne hjirby ferstoarn. Se waarden te hôf brocht op it tsjerkhof fan Wjelsryp. Ek de piloat Jacques Snijders oerlibbe it ûngelok net.
[bewurkje seksje] Ekterne ferwizing
- Ut 'e Buorfinne. (Yn de oktober- en desembernûmers stiet mear oer de fleantúchramp.)