Meidogger oerlis:B.
From Wikipedy
Welkom bij de Friese Wikipedia, B., ik wens u hier veel schrijfplezier. groeten van Ellywa 20.40, 9 nov 2003 (UTC)
- Tige. Moai dasto efter de skermen in soad wurk út de wei setst! Ik sil hjir sa út en troch wat ompiele om de gong der wat yn te krijen, mar ja IRL haw ik ek wol wat te dwaan dus dat sil wol wat op en ôf gean. Krekt dêrom past dit projekt my ek wol wat. Gr.B. (= Groetnis Bauke, yn 'e regel wat koart fan stof)
[bewurkje seksje] Opmaak sjoch-ek-keppelings
Ik seach dat jo earne de grutte fan in (griene) list-tabel oanpast hienen, tinklik om't jo skerm- en letter-gruttes oars binne as dy fan de earste skriuwer. Foar Lokale skiednis haw ik besyke om in tabel mei net foarôf ynstelede grutte op te nimmen, mar skynber past it net sa goed mei *-listen, om't dy lofts in soad romte frijlitte. Kinne jo ris sjen hokfoar fan de lêste trij ferzjes dêr by jo it bêste foldocht? (Of hofoar oare ferzje?) Aliter 00.57, 22 nov 2003 (UTC)
- It breedte % stie net yn dy tabel. Kin no nei beleaven oanpast wurde. It makket dan neat út hokker skerm resolúsje ast hast. Mei *-listen hat it net it measte te krijen. cellpadding stie op 15. B.
Ja, ik hie it % der út helle om't it like dat de breedte foar jo hiel oars útkaam. Ik woe leafst in model hawwe dat we tapassse kinne únôfhinklik fan hoe lang de keppelingteksten dy't der yn stean binne, en mei sûnder % passet de tabel himsels oan. (Allinnich nimt der dan net mear romte der omhinne as oanjûn wurdt, wylst de *-list in soad romte lofst frij litte, wat net hielendal in lykwicht is.) Mar as jou leaue dat in fêst % better is, dan koenen we fansels werom gean nei de 30% dy't der earst yn stie. Aliter 16.00, 22 nov 2003 (UTC)
Ik leau, wy moatte dy styl mar kwyt. Oars wurdt it yn monobook sa it iene kader yn it oare. Aliter 23.28, 20 jun 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] "Sjenre" of "sjânre"
Wat dat "sjenre" of "sjânre" oanbelanget - dat is wat núver: De akedemy skriuwt: "De lûdtekens yn beklamme wurdlidden by frjemde wurden wurde oanpast oan it Fryske skriuwsysteem as dat mooglik is." Oan de oare kant stiet yn it wurdboek allinnich "sjenre". Mar mei dat ik dat wit, soe ik de regel heger achtsje as de opsomming, dat ik soe "sjânre" skriuwe. Aliter 22.51, 25 nov 2003 (UTC)
[bewurkje seksje] Tryater side
Ik haw gjin tastiming fan Tryater hân, dat de Tryater side soe wiske wurde moatte. Mar ik leau jo hienen it idee dat der noch wat fan te meitsjen wie, dat ik haw de side foar no fan de wisklist ôf helle. Jou it efkes oan as jo der net oan ta komme, om't de side dan tebek op de list moatte soe. Aliter 13.06, 9 dec 2003 (UTC)
- Hy kin om my wol wiske wurde. Ik meitsje off-line in nije ferzje B.
[bewurkje seksje] Opset jierren
Kinne jo ris sjen nei de opset foar jierren, foar 2004 en dêr kommentaar op jaan? Tank, Aliter 22.41, 12 dec 2003 (UTC)
[bewurkje seksje] Midslânsk
Ik seach dat jo fan it Midslânsk (dit is in Fryske ensyklopey, dat ik leau we soenen de Fryske dialektnamme brûke maotte) skriuwe dat it in soart fan Stedsk is. Is dat "In taal/dialekt fan it Stêdsk.", of "In dialekt dat op in/deselde wize as it Stedsk ûntstean is."? Aliter 22.26, 14 dec 2003 (UTC)
- It wurdt yn it gewoane Frysk suver net beneamd dêrom haw ik de eilender beneaming brûkt. Beide kin om my ek wol. Faaks is it goed noch ris nei te tinken hoe't we de oare tongfallen yn Fryslân dochs in plakje jaan kinne op fy wiki. It Meslânsk is yndied ûnstien yn de tiid dat de Hollanders it foar it sizzen hiene op Schylge en Midslân it bestjoerssintrum wie.
As ik op it Ynternet delsjoch fan AltaVista, dan hat "Midslânsk" in treffer http://members.chello.nl/e.hoekstra8/58HeeromaFr.htm wêr "Meslânsk" dy net hat. (In artikel dat men lêze moat as men hawwe wol dat Midslânsk in Hollânsk dialekt is.)
Om't dit in wikipedy foar Fy is, gean we eins al fier troch it opnimmen fan in foarbyld fan it Biltsk. Ik leau dat dat sa fier is as we binnen dizze struktuer gean kinne: As we in aardich stik yn bygelyks it stêdsk of it Frasch fine, dan nimme we dy ek op, mar fierders hâlde we it by de Fryske nammen, mei de lokale nammen tafoege, en mei allinnich omskriuwings. As de Wikipedy grut genoch wurdt, dan wurde dy omskriuwings wis ek grutter.
Ik begryp dat Midslânsk net as stedsk sjoen wurdt, mar as eat mei inselde oarsprong. Aliter 18.55, 15 dec 2003 (UTC)
Dêr ferskille de mieningen oer. Ek it Stedsk wurdt troch guon sjoen as in Hollânsk dialect. Der is op Meertens in folsleine skripsje oer te finen. Op DBNL is in ûndersiker út it ein fan de 19e ieuw wol dúdlik oer de relaasje tusken it Amelânsk, Midslânsk en Stedsk.
Dat Meslâns(k) is tink de Aaster oantsjutting. Meslânzers leveret wol wat siden op google op. B.
[bewurkje seksje] Behearder
Momenteel zijn Aliter en ik hier op de Friese Wikipedia moderatoren. Ik zou graag zien dat dit zoveel mogelijk door de Friestaligen zelf wordt gedaan, en ik zie dat jij hier al enige tijd actief aanwezig bent, derhalve van mij de vraag: Zou jij moderator willen worden? Andre Engels 13.49, 30 jan 2004 (UTC)
- Aangezien Aliter de afgelopen weken/maand niet aktief is geweest lijkt mij dat wel een goed idee. B. 30-jan-04.
Ok. Je bent nu sysop. Dit betekent dat je de volgende dingen extra kunt (je kunt me eventueel vragen hoe de diverse dingen gaan):
- een gebruiker of adres blokkeren
- een geblokkeerde gebruiker of adres deblokkeren
- een pagina beschermen (alleen door systeembeheerders schrijfbaar maken) of een bescherming opheffen
- een beschermde pagina bewerken
- een pagina definitief verwijderen
- een verwijderde pagina lezen en/of terughalen
- een edit met twee klikken ongedaan maken
Verder zou ik je willen wijzen op MediaWiki:all_messages. Hier staat een overzicht van de meeste teksten die in de Friese Wikipedia voorkomen, en kun je ze wijzigen. Deze teksten zijn aanvankelijk allemaal beschermd. Desgewenst kun je de bescherming voor bepaalde teksten ook opheffen. Andre Engels 17.35, 31 jan 2004 (UTC)
Eeek! Daar heb je me toch wel verkeerd begrepen, sorry daarvoor. Het was niet de bedoeling dat je MediaWiki:All_messages zelf aanpaste. In plaats daarvan werkt het zo: De eerste kolom ('Name') is een link naar een pagina waar de tekst staat. _Die_ pagina hoor je aan te passen. Als je het goed gedaan hebt, zal het dan in de wiki-software veranderd worden, en ook in de kolom 'current text' van MediaWiki:All_messages.
Meer uitleg kun je hier in het Nederlands en hier in het Engels vinden. Ik zal nu je wijzigingen gaan doorvoeren. Andre Engels 23.43, 2 feb 2004 (UTC)
- Nu ongeveer halverwege gekomen, inmiddels wel ruim een uur bezig geweest midden in de nacht. Ik houd het voorlopig even voor gezien, een andere keer verder (als jij me niet voor bent). Andre Engels 01.02, 3 feb 2004 (UTC)
OK, ik had ook even beter om me heen moeten kijken....B. 030204
[bewurkje seksje] Titel feroarjen
Volgende keer als je een artikel zoals Wjêrstân van naam wilt wijzigen, gebruik dan liever de link "Move this side" (moet nog vertaald worden) links (of onder) op de pagina. Niet alleen gaat dat sneller, het heeft ook het voordeel dat de 'Sideskiednis' meeverplaatst wordt, en men achteraf dus kan blijven zien wie wat geschreven heeft. Andre Engels 03.38, 21 feb 2004 (UTC)
- Is nu vertaald (Ferpleats dizze side). Andre Engels 03.47, 21 feb 2004 (UTC)
- OK B.
[bewurkje seksje] "Al" of "wol"
Al/wol?Aliter 11.19, 30 mai 2004 (UTC)
- Wol docht wat sterker oan nei myn gefoel. fandêr. B.
- Núver, dat soe ik krekt oarsom sizze. Ik haw it wurdboek hjir net by de hân, mar ik soe sizze dat júst "al" brûkt wurdt foar klam. Aliter 11.03, 3 jun 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Twotone.jpg
Hokfoar side heart [[Ofbyld:Twotone.jpg]] mei keppele te wêzen? Ik wit net of't it leit oan de núvere dingen by de yntroduksje fan de bêta, mar dit ôfbyld is no nearne mear mei keppele. Aliter 19.40, 2 jun 2004 (UTC)
- Is yndied net brûkt. Ik hie it doel om it brûken foar de Ska-side mar bin net yn myn opset slagge. Ik smyt it wol fuort. B.
[bewurkje seksje] The Visitor
Ik haw op de Nederlânske nl:The Visitor (band) fûn. It is koarter as by jo The Visitor, mar it is skreaun troch ien fan de groep. Soenen jo ris sjen kinne hoe at dat allegear krekt ynelkoar past? Aliter 15.45, 3 jun 2004 (UTC)
- As ik tiid haw sil ik de besetting nochris op'e nij besjen B.
[bewurkje seksje] Hegebeintum
Ik haw by Hegebeintum de tabel om de ôfbylden fuorthelle, om't dy op in lytser skerm it byld útrûn. Is it sa ek yn oarder foar in grut skerm? Aliter 11.02, 20 jun 2004 (UTC)
- By my wol. 62.194.174.203 12.08, 20 jun 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Alde en Nije Wjittering
Ik haw hjir nochris nei sjûn, mar ik kom wer werom by myn earste ynsicht. Der wurdt al yn de 18e ieu sprutsen fan "Alde en Nije Wjittering", bygelyks yn Van der AA: http://home.wxs.nl/~palst004/vanderAA/Utingeradeel.html . Dat, ik wol hawwe dat se dy Wjittering foar 1800 in kear op 'e nij groeven hawwe, en dat der fan de âlde rin net mear oer is as de westlike tak dêr't de Wjittering yn de mar útkomt. Dan is de eastlike tak en fierder oan't Aldskou de Nije Wjittering. Aliter 23.28, 20 jun 2004 (UTC)
- Hm ik soe oars sweare.... Mar jo hawwe gelyk! B. 18.23, 21 jun 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Logo
Hello. Please can you protect Ofbyld:Wiki.png so the logo can be switched as requested at m:Requests for logos. Thank you. Angela 00.57, 23 jul 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] 14 augustus
Wat is krekt it foarfal yn Poalen dat bart is op 16 augustus 1980? Op dy dei klimt Walesa oer it stek fan de Lenin-werf om't er him mei de staking bemuoie wol, mar moat dat der by? 17 augustus soe moaier wêze: De Lenin-werf krige har sin, mar de staking gong troch út solidêrens mei oare stakings. Ach, it kin ek beide, fansels. Aliter 09.03, 14 aug 2004 (UTC)
- Om my kin beide wol. B. 15.11, 14 aug 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] It Ald Selskip
Op Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse kin ik in part fan de tekst net folgje: Yn it middenstik, tusken "1885" en "Selsskipsstavering" wurde in pear saken neamt dy't, tink, ferbân hâlde mei it Selskip, mar dy ferbannen wurde net neamt. Wat mist dêr noch? Aliter 21.12, 21 okt 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Donger
Witte jo fan gebrûk fan de namme de Donger? Dy wurdt yn resinte boarnen alris opnaam, mar oare boarnen wolle haw dat dy namme optocht is as útlis foar de namme Dongeradiel. Dat kin der op de side oer de Peazens moai by, mar as dy namme normaal net brûkt wurdt, so ik dy net op oare siden opnimme. Aliter 12.50, 23 okt 2004 (UTC)
- Stiet op de side fan Tresoar.B. 15.05, 23 okt 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Loiïngeaster
En ik hie al in pear kear sjoen wat der mis wie yn dat stik oer dy silen, mar ik koe it net fine. Tank. Aliter 11.01, 30 okt 2004 (UTC)
[bewurkje seksje] Wer on-line
De bêste winsken foar alle meiwurkers oan de Fryske Wikipedy! Ik haw in wike as wat digitaal út 'e tiid west mar alles liket it wer te dwaan....... Bauke
- Folle lok en seine! Ik tocht earst: Mei B. op krystfakânsje wurdt it stil hjir, mar der hawwe ferskate âlde en nije meidoggers drok dwaande west!
[bewurkje seksje] Negroes
Ik soe sizze dat dy groep "Meindert Talma & the Negroes" hjit (hiet?). Ik nim oan dat dy ek de winners wienen fan Liet 2004. Dêrom woe ik dy namme ek as keppeling. Op de side Meindert Talma & the Negroes kin Meindert Talma dan as foaroanman neamt wurde, soe ik sizze. Strykt dat net? Aliter 14.00, 4 jan 2005 (UTC)
Of al?Aliter 18.49, 18 jan 2005 (UTC)
- Dat kloppet, mar omdat der noch gjin Negroessite is, haw ik de keppeling ynearsten noch eefkes werom setten. Fansels is it krekter om in ferwizing nei Meindert Talma & the Negroes te meitsjen. B. 14.41, 20 jan 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Me and Mr. Johnson
Wat is der mei dat ôfbyld? Aliter 01.13, 24 jan 2005 (UTC)
- De ôfbylding wurdt opladen fan en-wiki. Der is 'men' net bliid mei tink ik want op 461 Ocean Boulevard is de keppeling wer fuorthelle (al is dat net yn de skiednis te sjen). Ik laad se hjoed as moarn wol eefkes op nei fy-wiki. B. 18.32, 24 jan 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Berjochten
Eins woe ik mei it oanpassen fan de berjochten wachtsje oant it programma gjin beta mear is, om foar te kommen dat der wat feroaret of weirekket, en it wurk nochris dwaan wurde moat. Mar fiel jo frij, fansels. Aliter 23.43, 3 feb 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] è of i
Nochris tankewol - wy sille op de Limburchske Wikipedia no de Fryske link miskien ek wat mear boppeoan (?) sette. Muot noch wol fraachje of de oare brûkers dat ek wolle. Limburgs en Lèmburgs kin beide; de skepper fan de Limburchske Wiki sol Lèmburgs sizze, ik sis Limburgs. Disse taal is tige ferdield - elts doarp en eltse stêd hat syn eigen dialekt. Ik sil nog ris foar in artikel oer it Limburchsk soargje, sa gau as ik dat kin ;-).--WanabeFrysk 10.43, 4 feb 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Klaas Bruinsma
Jo hawwe Klaas Bruinsma út it Nederlânsk oerset as Klaas Bruinsma (literêr oersetter). Betsjut dat dat jo ek fan doel wienen Klaas Bruinsma (drugsbaron) en de útelkoarholdside te dwaan? Aliter 15.17, 6 feb 2005 (UTC)
- Ik wie fuort net fan doel om oer de oare Klaas B. ek in artikel te meitsjen, mar dêr op foarút rinnend, haw ik wol in ûnderskiedende namme oan de side fan de oersetter (en myn âld-learaar Skiednis) jûn.B. 19.41, 7 feb 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Keatsen
- Bult wurk, dy Ofbyld:Mkbaan.png? Moaie tafoeging yn elts gefal.
-
- Falt wol mei (ik hie him earder alris foar in oare site makke :) B. 21.05, 22 mar 2005 (UTC)
- Meidogger:62.194.174.71 hat Teatsen opnaam yn Kategory:Keatsen. Klopt dat, of soenen wy in Kategory:Sport hawwe moatte? Aliter 23.25, 21 mar 2005 (UTC)
-
- De kategory kinne we wol yn it libben roppe. Teatsen kin der by de kategory Keatsen neffens my krekt op troch, It is útsoarte keatsen mei in racket. B. 21.05, 22 mar 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] It oersetten fan bloch-sêftguod
Haw ik it goed dat jo anneks binne my it ferfryskjen fan KDE? Sj besiket immen te finen ek foar it ferfryskjen fan in stik sêftguod, yn dit gefal bloch-sêftguod. Is dat eat dêr't jo by helpe kinne? Aliter 18.52, 1 apr 2005 (UTC)
- Ik haw indied in oandiel yn it ferfryskjen fan KDE (hân). Mar ik bin dêr op dit stuit net (tige) warber mei. As ik it goed begryp siket Sj. in oersetting fan in oare tapassing. Ik brûk op dit stuit (myn ferzje) fan de Fryske Opera (tige nei't sin, dat wol!). It taalbestân dêrfan stiet yn de nijsgroep Frysk op Yahoo ~Groetnis, Bauke (B. 22.12, 1 apr 2005 (UTC))
[bewurkje seksje] Eigen wurk
Nei dy test mei Eigenwurk hienen jo der earst net om tocht en set de trije golfkes der wer ien. Is dit allinnich unwennigens, of moat ik besykje in berjocht te meitsjen dat sels de golfkes skriuwt?
- Hâldt dat mar op hastigens :) B. 04.35, 10 apr 2005 (UTC).
Moat der in apart Berjocht:Wikipedia-wurk komme? Aliter 01.57, 10 apr 2005 (UTC)
- Dat liket my net ferkeard. B. 04.35, 10 apr 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] ? :)
http://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ry_Cooder&curid=1536&diff=16655&oldid=16654 Aliter 21.11, 28 apr 2005 (UTC)
Tank. Aliter
[bewurkje seksje] Muorrekeatsen
Hjir kin ik by Muorrekeatsen net krekt útkomme:
- "As er de bal yn'e flecht werom slacht, dan mei hy dêrby net boppe of oer de koarte line 'rikke'."
- De bal moat oer de koarte line wêze eart er spyle wurdt?
- De spiler mei wylst er slacht de koarte line net passearje?
- Op it stuit dat er de bal slacht mei gjin part fan de spiler oer de koarte line wêze?
-
- De lêste ynterpretaasje is korrekt, B. 16.25, 2 mai 2005 (UTC) Ik sjoch it dochs noch eefkes nei yn de Ingelske spulrigels. De Fryske binne net dúdlik. Ik nim hast oan dat de opslachmarkearing bedoeld wurdt, omdat it oars fysyk in ûnsinnige regel is. B. 17.04, 2 mai 2005 (UTC) Ik kloppet dochs. Yn it Ingelsk wurdt skreaun oer in 'Flying return'. Ik nim oan dat se dêr in dûkende beweging mei bedoele, wêrmei't begûn wurde kin foardat de bal de de koarte line foarby is... B. 17.16, 2 mai 2005 (UTC)
- Ik haw it oanpast, mar as immen trije meter dûke kin eart de bal ien meter tichterby komt (oars kin er net mear nei foaren slein wurde), dan moat it in tige stadige bal wêze. Dat ik haw dy "Fly return" ris neisjoen, en it liket dat de regels wat dat oangiet net oeral krekt itselde binne. Dat wol sizze: de regel fan in flechtbal is dat al, mar de regel oer hoenear de ûntfanger nei foaren komme mei is net oeral itselde. Ik haw gjin idee hoe't it krekt sit, mar faaks is dat wêr't it probleem leit. Aliter 03.25, 3 mai 2005 (UTC)
- Ik tink ek dat it in teoretyske mooglikheid is, mar der binne yndied keatser dy't yn it dûken nei ballen spesjalisearre binne, al liket it my net befoarderlik foar it skelet yn it algemien en de knibbels yn't bysûnder. (sjoch foto) B. 16.21, 3 mai 2005 (UTC)
- De lêste ynterpretaasje is korrekt, B. 16.25, 2 mai 2005 (UTC) Ik sjoch it dochs noch eefkes nei yn de Ingelske spulrigels. De Fryske binne net dúdlik. Ik nim hast oan dat de opslachmarkearing bedoeld wurdt, omdat it oars fysyk in ûnsinnige regel is. B. 17.04, 2 mai 2005 (UTC) Ik kloppet dochs. Yn it Ingelsk wurdt skreaun oer in 'Flying return'. Ik nim oan dat se dêr in dûkende beweging mei bedoele, wêrmei't begûn wurde kin foardat de bal de de koarte line foarby is... B. 17.16, 2 mai 2005 (UTC)
- Nee, ik haw betocht wat de sitewaasje is: De bal is yndie stadich, mar allinnich yn de x rjochting - it is in koarte bôgebal dy't, sis, in foet efter de line omleech komt. Wylst dy omleeech komt rint de ûntfanger tichterby, mar hy moat al gong meitsje. Dat er mei dy gong gjin problemen hawwe sil mei de koarte line, wurdt him tastien oer de koarte line hinne te gean, mar dat mei er allinnich efter de weromslach. Aliter 21.56, 3 mai 2005 (UTC)
- "De lêste 25 jier waard dit barren yn de klassike ien-muorre fariant by it ien-tsjin-ien oerhearske troch Joe Durso."
- Wanneear begjint de lêste 25 jier?
-
- 1980 B. 16.25, 2 mai 2005 (UTC)
Wat moat ik hjir krekt skriuwe as ik dit noch wat ferbetterje wol? Aliter 22.26, 1 mai 2005 (UTC) Tank. Aliter 03.25, 3 mai 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Romte
Ik seach, jo hienen by Feriene Arabyske Emiraten de romte efter de earste paragraaf oanpast, nei ik oannim om't dêr it ynhâldoersjoch efteroan kaam en dat yn Monobook gjin wytromte lit. Om't dat neat mei de tekst te krijen hie haw ik dy romte wer weihelle, en haw yn stee dêrfan it monobook.css oanpast foar de Fryske Wikipedy, sa't der no wat romte boppe it oersjoch frijlitten wurdt.
- Betink at dit in brek is dat jo oan de makkers fan MediaWiki trochjaan wolle.
- As jo dy oanpassing op mear plakken dien hawwe, dan kin it wêze dat der dêr ek noch romte út de tekst weihelle wurde moat.
- Ik haw mar wat dien mei de mjitte foar de romte. As it net krekt goed is kin it noch oanpast wurde.
Aliter 21.21, 5 jun 2005 (UTC)
- Betanke, it sjocht der sa wol goed út. B. 19.40, 6 jun 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Trochferwizings
Ik seach jo hien hjoed wer wat mediawiki-berjochten oerset. Der is ek in Trochferwizings side wer't neffens mei de bedoeling fan is dat der siden op steane mei ferwizings nei in Trochferwizing, sadat dizze ferwizings maklik te finen binne en oanpast wurde kinne. No liket dit op Fy net te wurkjen. Op oare wikipedia wurket dit wol goed. Neffens mij soe dit oanpast wurde kinne troch it folgjende oan te passen. By de berjochten moat by MediaWiki:Disambiguationspage de tekst Wikipedy:Trochferwizing feroare wurde yn Berjocht:Tfs. Ik tink dat it dan wol wurket. Soene jo dit oan passe wolle, ik kin dizze teksten net oanpasse om't ik gjin beheardersrjochten haw.Theun 20:20, 2005 aug 16 (UTC)
- Noch net hielendal sa't ik it bedoelde. Resultaat moat weze sa as op nl:Speciaal:Disambiguations. Sjoch foar de nederlânske tekst op nl:MediaWiki:Disambiguationspage. Neffens mij moatte de heaken dy't jo der by set hawwe noch ferdwine. Dus gewoan Berjocht:Tfs. (Yn it nederlânsk hiet it berjocht (sjabloon) Berjocht:Dp). Theun 06:07, 2005 aug 17 (UTC)
-
-
- It wurket no goed. (Ik haw Nes Dongeradiel al wer tebekset)Theun 12:07, 2005 aug 21 (UTC)
-
Hallo, zou je eens naar Wikipedy:Oerlis_side#ambassadeur willen zien? Is dat niet iets voor jou? En zou je op de hoofdpagina onderaan de link naar het contactpunt van WikipediaNL willen verwijderen? Groet, Walter 16:10, 2005 aug 19 (UTC)
[bewurkje seksje] ambassadeur
Hallo, zou je eens naar Wikipedy:Oerlis_side#ambassadeur willen zien? Is dat niet iets voor jou? En zou je op de hoofdpagina onderaan de link naar het contactpunt van WikipediaNL willen verwijderen? Groet, Walter 16:11, 2005 aug 19 (UTC)
- Walter, ik had je oproep al gelezen. De andere Friestalige beheerder, Aliter, is kennelijk met vakantie. Zodra ze terug is, overleggen we even. De link naar het NL-contactpunt is verwijderd. Groet, B. 17:20, 2005 aug 19 (UTC)
-
- Ok, bedankt. Er is geen haast, alleen dat het nog mel eens eindelijk door een lokale mag overgenomen worden. Groet, Walter 08:07, 2005 aug 21 (UTC)
[bewurkje seksje] nije siden (sunder keppeling)
Hoe meitsje jo de Redirects foar bygelyks Gruidae. Ik die dit meast troch it Syk-fjild te brûken. Normaal wie it altyd sa dat dernei in side kaam werby de nije side oanmakke wurde koe. Dit wurket no net mear. Ik haw sjoen dat dit op de Nederlânske/limburchse net brúkt wurd, op de Deenske/Esperanto giet dit ek ferkeard. Op de dútske is it wol oanwezich. Werom dit net mear werkt snap ik eins net. Ik haw it neffens my noch krekt lien brûkt. Soene jo dit herstelle/feroarje kinne. It giet om it Berjocht Nogomatch.Theun 19:30, 2005 aug 26 (UTC)
- It oanmeitsjen fan in nije side sûnder keppeling kin troch it yntypen fan de nije side yn de adres/URL balke.
Wêrom dat net mear wol fia de sykfunksje wit ik net. Ik haw it ydee dat se besykje de server wat te ûntsjen troch fuort nei google te ferwizen as in side net bestiet. Ik sil besykje it op te lossen. B. 11:35, aug 27, 2005 (UTC)
-
- Ik haw it no oanpast sadat it wer wurket (mei ynspiraasje opdien op de:). Ik hie ek fierder noch wat rûnsjoen en seach yn it kroech fan de nederlânske wikipedy wat tips foar Fjoerfoks brûkers (sa as my) en op de ingelske wiki stie in stikje hoe at jo ferskillende blêdzjers oanpasse kinne om sneller by in bepaald soart siden te kommen.Theun 12:08, sep 4, 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Belofte / Edit war / Behearder
Goeie jûn Bauke,
- Ik haw sjoen dat jo de side Belofte fuortendaliks wiske haw. Lyket my in goeie saak.
- ok
- Fierder haw ik sjoen dat de side The Flowers Of Romance hast yn in edit-war liket te fersanden oer alle wikipedys. Miskien is it in idee om de side te skoarteljen yn syn koarte fersje (en nei ik oannim op de measte wiki's sjoen as it ienigste wat der yn hoecht te stean). Dit is neffens my ek wol op oare wikipedys dien. Of moatte hjir bepaalde procedures foar folge wurde. De side mei om my ek wol fuort mar dan kin der ek altiten wer op 'e nij oanmakke wurde. Mar sa't it no giet krijt de side yn Koartlyn feroare wol in protte oandacht dy't de side neffens my net fertsjinnet.
- Op EN DE en FR is de side gewoan te bewurkjen. De non-ynformaasje is der no ôf, dus mar eefkes oansjen liket my.
- Kom ik by myn lêste puntsje, ik haw it idee dat jo de lêste oardel moanne de ienigste behearder binne. Ik woe mie einst wol oanmêlde as kandidaat, binne hjir noch procedures as easken foar? Myn stavering sil fuortendaliks net bot ferbetterje (moat ik earst mar ris in kursus by de AFUK folgje, mar gjin tiid foar), mar ik fyn dit in machtich projekt en ik probearje alle dagen wol efkes rûn te sjen.Theun 18:19, 2005 aug 31 (UTC)
- Is wat my oanbelanget prima. Oangeande de stavering kin ik dy oanriede om de staveringshifker foar Word eefkes te ynstallearjen, dan hellest it measte der wol út. Ik moat eefkes omsjen hoe't it krekt om en te giet om behearder te wurden. In formele proseduere hawwe we dêr net foar. B. 12:18, sep 1, 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Nieuwe Behearder op FY
Walter, volgens heb jij nog de eer Burokraat te zijn bij de Friese Wiki. Gebruiker Theun heeft aangegeven in te zijn voor de functie van Moderator/Behearder wat mij een prima idee lijkt. (dagelijks aanwezig, spam bestrijder en verder zeer constructief) Wil jij hem als zodanig opvoeren. Alvast tige tank. B. 1 sep 2005 22:06 (CEST)
- Ik zou wel willen maar ik ben niet eens sysop op FY, en dus zeker niet bureacraat. Als er geen is dan moet een huidige sysop aan een steward vragen op die bureacraat te maken, dan kan je verder. Ik ben alleen min of meer Consult op FY, al poog ik daar al lang vanaf te geraken. Walter 21:22, 2005 sep 1 (UTC)
- Ik heb het nu gedaan. Succes! Wellicht is het een idee om als Aliter terug is, ik mijn sysop-schap neerleg? Ik kom maar zelden meer langs, en er zijn nu drie 'echte' sysops. - André Engels 22:17, 2005 sep 1 (UTC)
- Tige! B. 01:55, sep 2, 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Camerata Trajectina/Gysbert Japix
Ik wou uw aandacht vestigen op de Friese 17de eeuwse dichter Japix. Ik lijk hier geen link naar hem te hebben gevonden. Wel wil ik u meedelen dat ik in de Nederlandse versie een stukje heb gepleegd over het ensemble [www.camerata-trajectina-nl]. Als u op de site van het ensemble kijkt, dan vindt u bij de discografie en de toelichtingen wat uitleg over deze dichter. Misschien is het ook gewoon leuk wat informatie over dit ensemble op te nemen op de Friese versie ? --80.200.248.204 21:42, sep 19, 2005 (UTC)
- Dit berjocht kommet wierskynlik fan Louis Grijp, it artisktike brein efter de Camerata en in dosint fan my (ik doch musykwettenskip yn Utert). WanabeFries Velim, non opto 12:03, sep 20, 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Twarres
Tankewol faor it ferbetterjen fan myn artikel Twarres. Foar Hollanders bliut it slim, dat Frysk, mar ik fertrou derop dat it hieltyd better wurdt :-). Wat fynst do der einlik fan, dat de Fryske wiki oant no gjin artikel oer Twarres hie? Sa binne der leau ik noch wol in paar lakunes. Jimme/wy muotte der miskien wol foar sorgje dat dy opfolle binne foar't fy: de 2000 artikels hellet. WanabeFries Velim, non opto 20:41, sep 20, 2005 (UTC)
- Theun hat dêr it measte oan dien. Ek mei 2000 artikels bliuwt de Fryske Wiky noch in gatsjetsiis. As der mar genôch njie Meidoggers bykomme dy't geregeld wat bydrage dan wurdt it fansels wol wat. Ik hie Twarres oars noch net mist.... B. 06:44, sep 22, 2005 (UTC)
- Nee, mar jo binne fansels mear immen fan de blues en de hurdrock...:-). Ik kin it probleem wol, wy op li: hawwe Rowwen Hèze ek noch net, krekt mar ins wat oan dwaan... WanabeFries Velim, non opto 16:49, sep 22, 2005 (UTC)
- Rowwen Hèze hear ik gâns leaver as dy suertsje muzyk fan Twarres :) B. 19:08, sep 22, 2005 (UTC)
- Nee, mar jo binne fansels mear immen fan de blues en de hurdrock...:-). Ik kin it probleem wol, wy op li: hawwe Rowwen Hèze ek noch net, krekt mar ins wat oan dwaan... WanabeFries Velim, non opto 16:49, sep 22, 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] Céline van Balen
Hoenear wie krekt dy oplieding? Aliter 23.50, 7 okt 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] berjocht fan de moanne op haadside
Goeie B.
Ik hie op jo weblog sjoen dat jo wol graach wat ompiele meie mei frames, tabellen ensfh. No hie ik lêsten in opmerking op myn oerlis fan Meidogger:Servien dat it berjocht:oktober net goed werjoen waard. Yn IE6 is de rjochter râne fan it kader net sichtber.
Ik wit net of hjir wat oan te dwaan is, want it is dochs gewoan in tabel oer 100% fan de breedte. Yn Firefox en IE5 is de râne wol te sjen (en fêst ek wol in Opera mar dat sil jo better besjen kinne). Ik hie sels eins gjin oplossing mar miskien hawwe jo hjir noch in idee by.Theun 20.45, 8 nov 2005 (UTC)
- Ik seach dat it noch net slagge wie, dat ik haw der wat oan feroare. Ik leau, it moat sa yn oarder wêze. Aliter 00.58, 10 nov 2005 (UTC)
-
- Yn IE6 mis ik noch altyd de rjochter râne fan de tabel.B. 08.22, 10 nov 2005 (UTC)
- Núver; dat hie ik fansels ek al besocht. Krekt hokfoar edysje fan IE6 jout no noch problemen? Of by hokfoar oansjen fan de siden? (Ik duor it hast net te freegjen, mar jo hawwe der al om tocht en brûke net de ferzje út de oerslach?) Aliter 20.35, 10 nov 2005 (UTC)
- It is no yn oarder. Side net fernijd tink ik.212.83.87.203 22.37, 10 nov 2005 (UTC)
- By my is it no ek goed, goed dien Aliter! Theun 23.16, 10 nov 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] It muzyk
Dêr hie ik by Jellum-Boksum in kertier nei sitten te sjen, en ik koe it net fine! Ik hie it al beheind ta it wurd "bourren", mar "buoren" wie ek net goed. Tank. Aliter 22.08, 15 des 2005 (UTC)
[bewurkje seksje] 1980
Goeie Bauke,
Op 1980 hat in anonym by Berne Jelte Pieter Dijkstra út Burgum derby set. No haw ik wat twifels at dit in persoan is dy't wy op de wikipedy in plak ha moat. At ik efkes googleje kom ik allinich in Jelte Pieter Dijkstra út Easterein tsjin by allegear keatsútslaggen fan de jongens. No haw ik it idee dat jo der wol aarich fan op de hichte binne. Is dit ien en deselde en sa ja moet dit hjir stean bliuwe. At dit om in oar giet kin it wol fuort tink ik. Theun 19.38, jan 13, 2006 (UTC)
- It keatserke Jelte Pieter Dykstra is moai wis net fan 1980. Ik haw de feroarings tebek setten. B. 22.44, jan 13, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Opera
Yn 'e Wâlden skriuwt dat der in nije ferzje fan Opera is.
- At dêrby it oansjen feroare is, hawwe jo dan faaks in nije ferzje fan it ôfbyld?
- Dy nije ferzje, hat dy hieltiid noch itselde probleem mei tabellen, mei rannen fan sellen dy't net oanjûn binne? At dat no gjin probleem mear is dan kinne wy ús tabellen mei minder rompslomp útskriuwe. Aliter 22.29, feb 9, 2006 (UTC)
-
- It oansjen is wakker gelyk bleaun. By de werjefte fan (rânen) fan tabellen binne der noch altyd deselde manko's, spiternôch. B. 18.32, feb 10, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Betsjuttingsside
De yndieling dy't ik by de betsjuttingsside oer Aldgillis brûkt hie, wie mei sin sa. Ik besykje om de betsjuttings heger op de side te krijen om't de lêzer no in grut part útlis krijt eart er by in betsjutting oankomt. By myn ynstellings is it sels sa dat der op it earste skerm fan de side hielendal gjin betsjuttings steane. Dat ik soe leaver eat hawwe lykas by en:, dêr't der ien sin boppeoan stiet, en dan de útlis ûnder. Dan moatte wy fansels it berjocht oanpasse. At it gjin problemen jout koe dat mei {{Betsjuttingsside|Hjir komme alle betsjuttings.}}. Of oars mei {{Foarbetsjuttings}}Hjir komme alle betsjuttings.{{Neibetsjuttings}}. In idee, of net? Aliter 23.34, feb 11, 2006 (UTC)
- Ik haw dêr gjin problemen mei, al moat it fansels foar de dielnimmers dy't de "koades" oanbringe wol sa simpel en dúdlik mooglik bliuwe. B. 18.22, feb 12, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Interwiki Bot
Hi,
I would like to help fy: with the interwiki bot runs. Please support at this meta page. Thanks! en:user:Yurik --66.65.150.103 06.39, mar 25, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde
Om't ik dwaande wie de fernederlânsking (Is dat in wurd?) fan Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde te ferbetterjen, seach ik dit yn de tekst:e sinnen "Ek it sûnt 1839 ferskinende (en noch altyd besteande) tydskrift "De Vrije Fries" wie foar it meastepart yn it Hollânsk. Wol binne der foar de tiid fan de "De Vrije Fries" noch in seistal nûmers fan in "Friesch Jierboeckjen" ferskynd." Ik leau jo hawwe dat oarspronklik skreaun. No liket dat "Wol" in tsjinstelling oan te jaan, mar krekt hokfoar? Wienen die Jierboeckjens al yn it Frysk? Of giet it om wat oars? Mysha
- Dy jierboekjes wiene yndied wol yn it Frysk. Groetnis, B. 21.08, apr 11, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] Contact
Beste B, zou je a.u.b. contact met me willen opnemen per e-mail op siebrand AT wikipedia.be? Het gaat over standaarden voor het internationaliseren van Mediawiki, een project waarbij ik betrokken ben. Mogelijk wil jij bijdragen voor fy, of anders kan je mogelijk vertrouwde gebruikers aandragen uit de Friese Wikipedia gemeenschap. Alvast dank. Siebrand 13.05, jun 18, 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Jeu de Paume
en:User:PJTrail frege at Hôftennis en Jeu de Paume dûbelde siden binne, en ik haw útlein dat dat net sa is. Mar kin dit op de side oer Jeu de Paume faaks noch dúdliker? En ek: is dat ôfbyld fan Jeu de Paume of fan Hôftennis? Aliter 01.22, 3 aug 2006 (CEST)
- De ôfbylding op Jeu de Paume doe yndied wolris ien fan Hôftennis. Ik bin net wis wannear it ferskil tusken beide keatsvarianten krekt ûnstien is en it is hiel wol mooglik dat der in tiidrek west hat dat beide oantsjuttingen foar (min of te mear) it selfde spul jilden hawwe. Ik nim oan dat der destiids net al te folle reglementearre wie en dat it faaks fan de spilers ôfhinge hokker materiaal der krekt brûkt waard.
[bewurkje seksje] 149e PC
Van der Mey hie it yn syn wurd foarôf oer de 153e PC dy't foar de 150e kear hâlden waard. De logika ûntgie my ek wat. Ik hie it der alfêst delset. Ik tocht ik moat B. dêr noch mar ris nei hifkje at wy wol de goeie oantallen hawwe. Ik hy ek noch wat foto's makke dy't ik der noch byopsette woe, mar jo wiene my foar. Ik haw wol sjoen, jo stienen net al te fier fan my ôf tidens de finale.
Noch wat oars: wenje Chris en Jacob net neist mekoar? ;).Theun 21.18, 3 aug 2006 (CEST)
- As dyn foto's skerper binne as dy fan my dan soe ik sizze: set se der mar op! Ik haw mar in sa-sa kamera, dat myn foto's binne net al te skerp. Groetnis, Bauke B. 23.45, 3 aug 2006 (CEST) (faaks kinne we nije wike op de Freule eefkes fûskje?). PS: Kommend wykein is der top-muorrekeatsen te sjen fia ynternet, sjoch mar eefkes op www.muorrekeatsen.nl.
- No haw ik ek mar in simpele kamera, dy't yn de bûse past. Mar ik haw der al in pear byset dy't wol aardich binne.
- De Freule kom ik net spitichernoch. Ik moat noch werke en bin noch net oan myn fakansje ta. Foar de PC nim ik altiten wol frij mar fierder kom ik net faak by't keatsen te sjen. Ik haw it altiten te drok mei wat oars. Theun 17.34, 4 aug 2006 (CEST)
- No haw ik ek mar in simpele kamera, dy't yn de bûse past. Mar ik haw der al in pear byset dy't wol aardich binne.
[bewurkje seksje] Skylgersk
Graag gedaan, ik had trouwens nog een vraag. Wat betekent ferieningsstatuten en rjochtsjildich? Ik ben de pagina Frysk namelijk aan het vertalen in het Gronings voor de nds-nl wikipedia. Alvast bedankt. 81.205.234.85 15.54, 26 aug 2006 (CEST)
- ferieningsstatuten = statuten van een vereniging, rjochtsjildich = rechtsgeldig. B. 17.48, 26 aug 2006 (CEST)
- Oke, bedankt 81.205.234.85 18.28, 26 aug 2006 (CEST)
Sorry om nog een keer te storen, maar zou je dit stukje willen vertalen? "Hoewol't it fansels yn 'e praktyk al lang barde" 81.205.234.85 19.21, 26 aug 2006 (CEST)
- Geen punt. "Alhoewel dit in de praktijk natuurlijk allang gebeurde." B. 19.30, 26 aug 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Pelota
In anonym (út spanje tink ik) hat op pelota twa ynterwiki's derbysetten. No steane der twa interwiki's fan dizze side nei de spaanske en katalaanske wikipedy. Ik tink nei it baskysk en valensiaanske pelota, soene jo hjir is nei sjen kinne. Ik haw net safolle doel oer it ferskil tusken dizze keatssporten, mar twa ynterwiki's nei deselde taal is freegje om problemen (mei bots under oaren). Theun 17.58, 30 nov 2006 (CET)
-
- Ik moat my dêr ek eefkes yn ferdjipje. Op de Ingelske Wiki binne inkelde Italianen dwaande om alle keatsvarianten te beskriuwen. Ik sil sjen of ik dêr wat fan brûke kin. B. 18 jan 2007, 11.45 (CET)
[bewurkje seksje] Behearder en (Escar)Bot
Kening Aldgilles wol wol behearder wurde. Hawwe jo de rjochten om dizze status op te lizzen??
En sa ja, soene jo dan ek Escarbot in botstatus jaan wolle? Der is alris in pear kear oerlis oer west en de measte kommentaren binne fan jou dy keardel in botbitsje. Theun 15 jan 2007, 21.22 (CET)
- Ik sil eefkes sjen of ik dat regelje kin. De haadside is in knap stukje wurk trouwens. In hiele ferbettering! Groetnis, Bauke.
- Dat is dus klear. @ Theun: Ik stel út om dy ek "burokraat" te meitsjen. Do bist op dit stuit fierwei it aktyfste op Wikipedy. B. 18 jan 2007, 11.45 (CET)
-
-
- Dat fyn ik wol goed. Om't Aliter hjir (tidelik?) net mear is, is dat miskien wol in goed idee. Ik wol net sizze dat ik it aktyfste bin mar op it stuit wol fan de behearders. Jo hawwe it mar goed drok mei it muorrekeatsen haw ik wol sjoen op muorrekeatsen.nl. Ek al in baan yn de eftertún, dat stiet jo fansels wol oan ;). Theun 18 jan 2007, 17.20 (CET)
-
- Dat rint yndied wat út de hân, mar ja dêr haw ik sels oan bydroegen. Hâldt de site mar yn'e gaten, want de klappers moatte noch komme :) B. 20 jan 2007, 17.29 (CET)
- Ik haw de rjochten oanpast. B. 20 jan 2007, 17.31 (CET)
-
-
-
- Tige tank foar de behearder status. Kening Aldgilles 19 jan 2007, 22.45 (CET)
-
-
- OK, gjin tank en sukses! B. 20 jan 2007, 17.29 (CET)
-
- Hello,
- Thank you for the bot flag.
- Vargenau 21 jan 2007, 20.18 (CET)
[bewurkje seksje] Fandalisme & Wikukind
Danke wol foar it ferbetterje fan de skriuwflaters yn artikel Widukind. Tocht dat it grutste part al klear wie.
Lês ek myn stikje op de oerlisside, it giet oer fandalisme.
Groetnis Kening Aldgilles
[bewurkje seksje] 1987
Hoi Bauke,
Op 1987 hat in anonym de keatser Folkert Roest derby set. Is dit in keatser dy't hjir in plakje fertsjinnet of kin dizze better fuort, en is in plakje yn de list fan de Freulepartij 2004 genôch. De oare jongkeardels út dy list sil foar in grut part ek yn dat jier berne wêze. It liket my net it doel fan de jiersiden om dêr alle dielnimmers fan de Freule dêr in plakje te jaan. Theun 27 mar 2007, 17.08 (CEST)
-
- Dat liket my ek wat tefolle fan it goeie Folkert hat neffens my 2 in tredde pryske wûn by de skoallejonges, dat liket my wat temin foar de kwalifikaasje "Keatser". Bauke