Buorskip
From Wikipedy
In buorskip is in wenplak dêr't mar in pear húzen byelkoar stean, sûnder, of hast sûnder, mienskiplike foarsjennings.
In buorskip hat gjin eigen gebiet, mar leit yn de himrik fan ien of mear doarpen yn de omkriten.
Fan oarsprong wie in buorskip in wenplak dêr't al mienskiplike foarsjennings wienen. It wurd joech oan dat de stimhawwende pleatsen dy foarsjennings, lykas de diken, de wetters en faaks in mienskar, tegearre regele hienen.
Yn de Roomske tiid waard it ûnderskied tusken in buorskip en in doarp of it plak in tsjerke hie.