Burgum
From Wikipedy

Burgum is it haadplak fan de gemeente Tytsjerksteradiel en hat likernôch 10.100 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
It doarp leit oan it Prinses Margrytkanaal; nei it westen giet dat troch de Kromme Ie fierder nei de Wide Ie, nei it easten fia de Grinzer Feart nei de Burgumer Mar. Tsjin Burgum oer leit oan de súdkant fan it kanaal it doarp Sumar.
By Burgum krúst de N356 it wetter. Nei it noarden rint de wei troch de westkant fan it doarp en dan fierder nei Feanwâlden, en jout fia de krúsing mei de 355 ferbining mei Hurdegaryp en Ljouwert. Nei it suden stekt de wei tusken Sumar en Garyp troch en jout sa ferbining mei Drachten.
[bewurkje seksje] Skiednis
Bergum moat al oan it begjin fan it twadde milennium grut genôch west hawwe om der in tsjerke te bouwen; de Sint Niklaastsjerke is út de ein fan de 11e ieu of it begjin fan de 12e ieu. De augustynske mienskip fan Barrahûs ferfarre yn 1187 nei Burgum en stifte dêr it Niklaaskleaster, meastal oantsjut as it Berchkleaster. It kleaster hat oant 1570 yn gebrûk west, en is yn 1580 ôfbrutsen.
Oarspronklik wie de buorskip Burgumer Daam it ienige part fan fan it doarp dat oan it wetter lei. Yn 1850 wie it noch sa dat de opfeart dy't fan dêr nei it noarden rûn de ferbining fan de buorren mei it wetter wie. De beide parten binne lykwols oanelkoar groeid, en it buorskip en de opfeart binne letter ferdwûn. Oant 1930 hearde ek de buorskip Noardburgum by it doarp, mar dat is dat jier in selstannich doarp wurden.
De namme fan it doarp betsjut likernôch op de hichten. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp it Fryske Burgum, derfoar wie dat Bergum.
[bewurkje seksje] Ferskaat
Yn Burgum wenne kapper Hendrik Bulthuis, de ûntwerper fan de sylboat de Burgummer Mar. It doarp is ek de lokaasje fan it Wâldrock festival.
[bewurkje seksje] Befolkingsûntwikling
- 2006 - 9.883
- 2004 - 9.630
- 2003 - 9.457
- 2002 - 9.297
- 1999 - 9.148
- 1973 - 6.412
- 1969 - 5.595
- 1964 - 4.659
- 1959 - 3.868
- 1954 - 3.365