Wâldrock
From Wikipedy
Wâldrock is in metal-festival dat alle jierren yn Burgum hâlden wurdt.
It festival is yn 1988 begûn as in popfestival, mar sûnt 1991 wurdt der metal programmearre. It festival wurdt om de sfear beheind hâlden ta maksimaal 12.000 minksen. Dochs hat Wâldrock yn de rin fan de tiid ferskate grutte bands, as Iron Maiden, Motörhead en Rammstein optrede litten. Dêr tsjinoer stiet dat it festival alle jierren troch in Fryske band iepene wurdt.