Diokletianus
From Wikipedy
Gaius Aurelius Valerius Diocletianus, yn it Frysk Diokletianus (berne as Diocles) (236- 3 desimber 316) wie keizer fan Rome fan 20 novimber 284 oant 1 maaie 305. Hy wie in wichtige keizer dy foaral bekend wurden is om syn bysûndere organisatoryske talinten. Tidens syn keizerskip waard in proatte aspekten fan it Romeinske ryk fernijd of werorganiseard, û.o. yn it leger, de provinsjes, it monetaire systeem en de belêstingen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Opkomst
Berne as in Illyriër út de leeche stân, makke hy opgong oant konsul. Op 20 novimber 284 waard hy troch it leger as keizer keazen om't keizer Numerianus te ferfangen en nei de moard op Karinus yn july 285 waard hy allinich-hearser oer it Romeinske Ryk.
[bewurkje seksje] De Tetrargie
Diokletianus fun dat der yn it Romeinske ryk in soad feroare wurden moast. Yn syn eagen wie it ryk fiersten te grut om effektyf bestjoerd te kinne wurden, benammen fanwege alderlei ynterne konflicten en militêre drigens oan de lange grinzen. Hy joech Maksimianus de titel fan Caesar, wat de tradysjonele wize wie foar in keizer (Augustus) om't syn opfolger oan te tsjutten. Lykwols joech hy Maksimianus de titel fan Augustus derby en dielde mei him de macht (Diokletianus yn it easten en Maksimianus yn it westen).
Yn beide ryksdielen kamen der aparte haadstêden, de âlde haadstêd Rome sied der net by. Dertroch soe de ynfloed fan de Romeinske senaat hurd fermindere.
Yn 292 wizen Diokletianus en Maksimianus beide in Caesar oan (efter mekoar Galerius en Konstantius Klorus). Dizze wienen lykwols net allinich opfolgers - beiden krige it ek foar it sizzen oer likernôch eltsenien 1/4de fan it rijk. Dizze foarm fan regeren wurd de Tetrargie neamd.
[bewurkje seksje] Ôpfolging
Op 1 maart 305 kundige Diokletianus oan dat hysels en Maksimianus soenen ôfgean en op 1 maaie opfolge soenen wurden troch harren Caesars. Dizze opfolgers soenen ek wer twa nije Caesars beneamen. Nei de seremonies en doe alles deromhinne regele wie, loek Diokletianus him werom nei syn paleis yn de kriten fan Spalatum (it tsjinwurdige Split) oan de Adriatyske Zee en hâlde him sûnt dy tiid dwaande mei túnkje. Hy wie de iennige Romeinske keizer die it keizerskip frijwillig opjoech.