Konstantius Klorus
From Wikipedy
Gaius Flavius Valerius Constantius (31 maart 250? – 25 july 306), bekend as Konstantius I, wie keizer fan Rome fan 1 maaie 305 oant 25 july 306. Hy waard Khlorus (de Bleke) neamd troch de Byzantynske skiedkundigen. Hy wie de heit fan Konstantyn de Grutte. Konstantius kaam út Illyria en neffens Konstantyn wie de famylje relateerd oan dy fan Klaudius Gotikus.
[bewurkje seksje] Skiednis
Oer de jonge jieren fan Konstantius is net folle wissich. Likernôch alle besikbere ynformaasje oer him is ôfkomstich út de Historia Regum Britanniae fan Geoffrey fan Monmouth, in net echt betroulike boarn.
Fanwegen syn militêre prestaasjes en syn kundich en behearste regear oer Dalmatië waard Konstantius op 11 maart 293 beneamd troch Diokletianus as Caesar ûnder Marcus Aurelius Valerius Maximianus Herculius. Maximianus syn styfdochter Flavia Maximiana Theodora wie sûnt 289 Konstantius syn frou, neidat hy skeiden wie fan Helena. By de ferdieling fan de provinsjes waard Galje en Brittanje oan Konstantius tawezen.
Tidens syn Caesarskip wie Konstantius drok dwaande mei ferskate fjildtochten tsjin alderlei barbaarske stammen en tsjinstanners as usurpators. Yn de simmer fan 293 fuortjeie hy de troepen fan de usurpator Karausius út Noard-Galje. Nei de oanfal op Boulogne troch Konstantius waard dizze troanpretendent deamakke. Yn 296 fersloech hy in oare tsjinstanner, Allectus, yn Brittanje.
Yn 298 oerwûn Konstantius de Allemannen, in Germaanske folk dy harren yn de kriten fan Main ôphâlde. Tidens de ferfolging fan de kristenen yn 303 stelle hy him ôfsidich op. Wêr de oare keizers tige streng wienen, beheine Konstantius syn aksjes oant it ferwoesten fan in pear tjerken. Op 1 mei 305 waard hy de nije Augustus (keizer) en [[Severus II waard syn Caesar. Konstantius stoar lykwols in jier letter yn Eboracum, tidens in fjildtocht tsjin de Pikten en de Skotten. Severus folgde him op as keizer en syn soan Konstantyn de Grutte waard Caesar fan Severus. De opfolger fan Konstantius regearde net lang; hy waard ferslein troch in tsjinstanner, Maxentius en dea makke.