Elvis Presley
From Wikipedy
Elvis Presley (Tupelo, Mississippi 8 jannewaris 1935 – Memphis, Tennessee 16 augustus 1977) wie in Amerikaansk popsanger en akteur.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Jonge jierren
Elvis Aaron Presley waard berne yn in lyts húske op Saltillo Road yn Eastlik Tupelo. Hy is de jongste fan in twilling, mar syn broerke Jesse Garon komt dea op de wrâld. Jesse Garon wurdt de oare deis begroeven op it Priceville begraafplak yn Tupelo. Elvis is de soan fan Vernon Elvis Presley en Gladys Love Smith, beide âlden komme út in ienfâldige húshalding. De Presleys libje yn earmoede, it ienichste fersetsje foar harren is op besite gean by famylje en nei tsjerke gean. De tsjerke hjit: de First Assembly of God.
Op 3 oktober 1945 docht de jonge Elvis mei oan in talintejacht op de jierlikse Mississippi–Alabama Fair and Dairy Show. Hy einiget op in twadde plak. Meidat syn heit in soad fan hûs is krijt Elvis in sterke bân mei syn mem. Op 8 jannewaris 1946 krijt Elvis op syn jierdei in gitaar fan syn âlden. Syn omke Vester leart him it gitaarspyljen. Wylst Elvis syn earste muzyknoatsjes spilet komt de beppe fan Elvis ek by de Presleys te wenjen. It is ekstra mage dy't mei iten fold wurde moat. Yn dy perioade komt Elvis in soad yn oanrekking mei ferskillende soarten muzyk. Elvis wennet nammentlik flakby in swarte wyk, hy makket dan ek kennis my de Blues. Elvis is ek regelmjittich te finen by tsjerketsjinsten. Dizze ferskillende ynfloeden binne werom te finen yn syn muzyk.
Yn septimber 1948 ferhúzje de Presleys. Se geane nei Memphis, se fine dêr in tydlik plak om te wenjen. Elvis makket syn skoalle ôf op de Humer Jr. High. Yn 1949 krije de Presleys in fêst wenplak. Se krije in appartemint yn Lauderdale Courts op Winchester Avenue. Mem en Elvis nimme in bybaan om alles betelje te kinnen. Mem giet út wurkjen as servearster en Elvis as steward yn in teater. Mar trochdat Elvis oant hiel let yn'e nacht wurkje moat, falt Elvis op skoalle gauris yn sliep. Dêrom lit syn mem him wer ophâlde mei wurkjen. Elvis wie op skoalle in bysûndere jonge. It jild dat er hie waard bestede oan opfallende klean. Ek hat Elvis útsûnderlik lang hier foar dy tiid. Op skoalle waard Elvis narre. Gelokkich krijt er in maat dy’t helpt om it narjen te stopjen. Delbert West is op dy manier in maat foar it libben wurden. Op 3 juny 1953 hellet Elvis syn diploma. Fuort de folgjende deis begjint hy in baan by de Parker Machinists shop.
[bewurkje seksje] It begjin
Yn de simmer fan 1953 begjint de sangkarriêre fan Elvis. Hy stapt binnen by de SUN Memphis Recording Servis. Dit bedriuw is fan Sam Phillips. Hy nimt twa ferskes op ‘My happiness/ That’s when your hearaches begin’. Marion Keisker is oanwêzich en sjocht wol wat yn Elvis. Sy set in part fan de ferskes op bân en skriuwt syn tillefoannûmer op en syn adres. Yn septimber 1953 feroaret Elvis fan baan. Hy wurket in skoftke by Precision Tool, mar stapt al rillegau oer nei Crown Elecric. Yn jannewaris stapt Elvis wer binnen by de Memphis Recording Studio Service. Hy nimt `Casual love affair` en `I'll never stand in your war` op. Hy hat dan ek syn earste moeting my Sam Phillips. Yn de simmer fan 1954 nimt San kontakt op mei Elvis. Se biede him in kontrakt oan. Elvis wurdt yn kontakt brocht mei Scotty Moore en Bill Black. Op 5 juny dûke dy trije de studio yn.
De earste dagen yn de studio woe it net echt slagje. De muzyk dy’t se spilen wie net fernijend. Oant Elvis in tal ferskes yn in heger tempo song. Troch it hegere tempo ûntstie der in nije muzykstyl. It wie in mingeling fan swarte en blanke muzyk. Op 19 july 1954 wurdt de single `Thats allright` en `Blue moon of Kentucky` offisjeel útbrocht. It earste konsert dat se jouwe wurdt in grut sukses. It publyk is entûsjast.
[bewurkje seksje] It hichtepunt.
It giet no hurd mei de karriêre fan Elvis. Hy moetet Kolonel Tom Parker, dy't berne is as Nederlanner en dy't Dries van Kuijk hjit. Dy man wurdt op 15 augustus syn manager en soe dat de rest fan syn libben bliuwe. Op 20 novimber tekenet Elvis in kontrakt foar 35.000 dollar. Elvis wurdt hieltyd bekender. Hy komt ferskillende kearen op de televyzje. Sa ek op 6 april 1956. By it ferske ‘Hound Dog’ geane alle remmen los. Alle minsken yn it hiele lan sjogge de ferneamde heupbewegingen fan Elvis. De measte jongelju fine it geweldich. Mar âlderen fine it in skande. Der binne sels prysters dy't in banflok útsprekke. Dat hâldt Elvis net tsjin om in film op te nimmen. Op 23 augustus 1956 nimt er de film: `Love me Tender` op. It is it begjin fan in hiele rige films.
Yn maart 1957 keapet Elvis Graceland. Yn dy perioade kriget Elvis in oprop foar it leger. Elvis fynt dat mar neat. Hy is bang dat sa'n ûnderbrekking de ein is fan syn karriêre betsjutte sil. Mar hy moat wol. Hy wurdt dan soldaat nûmer 53310761. Yn augustus wurdt syn mem siik. Hy kriget noedferlof. Hy bliuwt twa dagen by syn mem. It liket dan wat better mei mem te gean. Dêrom giet Elvis nei Graceland om wat ta rêst te kommen, mar dy nacht stjert syn mem op 46-jierrige leeftyd. Nei de begraffenis moat Elvis it leger wer yn. Koart dêrnei wurdt bekend makke dat Elvis oerpleatst wurdt nei Dútslân. Yn Dútslân moetet er Priscilla Ann Beaulieu dy't krekt 14 jier is. Dochs makket it famke in grutte yndruk op him. Sân jier letter docht er har in houliksoansyk en sy seit ja. Op 1 maaie 1967 trouwe se. Yn de tuskentiid keapet Elvis in Ranch krekt oer de grins fan Mississippi, mar it is mar inkele kilometers fan Graceland ôf. Hy keapet de ranch sadat er syn nije hobby útoefenje kin : hynsteride. Op 1 febrewaris 1968 krije se in dochter. De dochter wurdt Lisa Marie Presley neamd.
[bewurkje seksje] Come back.
Elvis hat al mear as acht jier net mear live optreden. Hy is dan ek senuweftich as er foar it earst wer optrede moat. Syn earste optreden is op de N.B.C. It is in grut súkses. Elvis is wer hielendal werom. In fjouwer wike tiid jout er 57 konserten. Elvis hat it iene súkses nei it oare súkses. Mar it houlik mei Pricilla is net mear wat it west hat. Pricilla wol dan ek skiede.
[bewurkje seksje] De ein komt.
Ein oktober 1973 wurdt Elvis opnommen yn it sikehûs fan Memphis. Hy hat in longûntstekking en in útsette dikke term en dêrby komt: hy hat ek noch Hepatitis. Yn jannewaris 1975 wurdt Elvis wer opnommen. Dit kear foar problemen mei syn lever. Yn de tuskentiid wurdt Elvis ek noch opnommen omdat er finaal ynein is.
Yn in heech tempo fleach Elvis fan steat nei steat en fersoarge eltse moanne tsientallen konserten. It brûken fan ‘uppers’ en ‘downers’, wie foar Elvis hiel gewoan. Elvis wie ferslaafd rekke oan de medisinen. Elvis sliepte faak oerdei, neidat hy dêr wat foar ynnommen hie. En as hy dan wer wekker wie (dêr't dan ek wer medisinen oan te as kamen), dan iet er him hielendal sêd mei fet iten. Meastal bestiene de dagen foar Elvis yn dizze perioade út net mear as yn syn badjas sitte, op de wc trochbringe en religjeuze boeken lêze. Undertusken joech er opdracht om konserten te organisearjen. Elvis gie allinnich noch de doar út om op te treden.
[bewurkje seksje] Syn dea
Elvis stjert op 16 augustus 1977 yn Memphis. Offisjeel troch in hertoanfal. Mar út lettere autopsy docht bliken dat yn it lichem meardere spoaren sitte fan ferskillende pillen. Hy is wierskynlik deagong oan in oerdoasis.
[bewurkje seksje] Nei syn dea.
Elvis is earst begroeven yn in famylje mausoleum op Forrest Hill Cemetary, mar nei in ûntfieringspoaging waard syn lichaam en dat fan syn mem nei Graceland brocht. Elvis syn grêf wie al gauw in beafeartsoard. Yn 1982 is Graceland iepensteld foar it publyk. Alle jierren komme der mear dan 600.000 minsken op besite. Yn 2006 is Graceland troch de Amerikaanske oerheid beneamd ta National Landmark.
Fiifentweintich jier nei syn dea stiet de muzyk dy’t Elvis makke hat nog altyd yn'e belangstelling. It nûmer "A litte les conversation" krige fan Junkie XL in remake. Dat nummer hat in grutte dielen fan de wrâld op nummer ien stien yn de hitlisten.
[bewurkje seksje] Diskografy
Albums mei in hitnotearing yn de Nederlânske album top 20/50/100 | |||||
Titel | Datum fan release |
Datum fan binnenkomst |
Heagste posysje |
oantal wiken |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|
Almost in love | 9-1-1971 | 43 | 6 | ||
Elvis forever | 19-10-1974 | 1 | 49 | ||
40 greatest hits | 4-10-1975 | 6 | 28 | ||
Moody blue | 23-7-1977 | 6 | 17 | ||
20 fantastic hits | 3-9-1977 | 7 | 12 | ||
A portrait in music | 3-9-1977 | 12 | 11 | ||
In concert | 29-10-1977 | 13 | 11 | ||
Love songs | 12-1-1980 | 18 | 12 | ||
Gospels | 24-1-1981 | 12 | 10 | ||
Guitar man | 7-3-1981 | 19 | 9 | ||
Elvis in Hollywood | 28-8-1982 | 30 | 5 | ||
18 classic love songs | 8-2-1986 | 38 | 10 | ||
The definitive rock 'n roll album | 29-8-1987 | 31 | 7 | ||
The definitive gospel album | 5-9-1987 | 64 | 4 | ||
The definitive country album | 5-9-1987 | 46 | 4 | ||
The definitive love album | 5-9-1987 | 23 | 7 | ||
The essential collection | 17-9-1994 | 14 | 30 | ||
Elvis '56 | 11-5-1996 | 51 | 4 | ||
Always Elvis - the Dutch album | 19-7-1997 | 2 | 18 | ||
Platinum (A life in music) | 26-7-1997 | 23 | 10 | ||
Elvis by the Presleys | 4-6-2005 | 52 | 2 |
Singles mei hitnoteringen yn prehistoaryske hit listen | ||||||
Titel | Datum fan release |
Datum fan binnenkomst |
Heechste posysje |
Oantal notearringen (moannen) |
Opmerkingen | Boarnen |
---|---|---|---|---|---|---|
One night | 4-1959 | 7 | 2M | |||
(Now and then there's) A fool such as I | 7-1959 | 15 | 1M | |||
A big hunk o'love | 10-1959 | 15 | 1M | |||
Stuck on you | 6-1960 | 10 | 3M | |||
It's now or never (O sole mio) | 10-1960 | 2 | 5M | |||
Are you lonesome tonight | 1-1961 | 4 | 4M | |||
Wooden heart (Muss I denn) | 2-1961 | 1 | 6M | |||
Surrender | 5-1961 | 3 | 4M | |||
I feel so bad | 8-1961 | 13 | 2M | |||
Little sister / (Marie's the name) His latest flame | 10-1961 | 8 | 5M | |||
Can't help falling in love | 3-1962 | 11 | 3M | |||
No more | 6-1962 | 26 | 1M | |||
Good luck charm | 6-1962 | 2 | 5M | |||
Follow that dream (EP) | 7-1962 | 17 | 1M | |||
She's not you | 11-1962 | 5 | 4M | |||
Return to sender | 12-1962 | 5 | 5M | |||
One broken heart for sale | 4-1963 | 16 | 2M | |||
Kiss me quick | 7-1963 | 12 | 4M | |||
(You're the) Devil in disguise | 9-1963 | 1 | 5M | |||
Bossa nova baby | 30-11-1963 | 8 | 1 | |||
Mexico | 7-3-1964 | 9 | 2 | |||
re-entry | 2-5-1964 | 37 | 6 | |||
Viva Las Vegas | 2-5-1964 | 18 | 12 | |||
Suspicion | 30-5-1964 | 9 | 12 | |||
Kissin' cousins | 11-7-1964 | 15 | 14 | |||
Such a night | 8-8-1964 | 13 | 14 | |||
Ain't that loving you | 14-11-1964 | 23 | 6 |
Singles mei in hitnoteringen yn de Nederlânske Top 40 | |||||
Titel | Datum fan release |
Datum fan binnenkomst |
heechste posysje |
Oantal wiken |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|
Do the clam | 3-4-1965 | 30 | 5 | ||
Crying in the chapel | 19-6-1965 | 13 | 11 | ||
Easy question | 7-8-1965 | 37 | 2 | ||
Love letters | 30-7-1966 | 25 | 5 | ||
Guitar man | 30-3-1968 | tip | |||
re-entry | 14-3-1981 | tip | |||
Stay away / U.S. male | 20-4-1968 | 37 | 2 | ||
In the ghetto | 21-6-1969 | 4 | 15 | ||
Clean up your own backyard | 6-9-1969 | tip | |||
Suspicious minds | 25-10-1969 | 6 | 11 | ||
Don't cry daddy | 24-1-1970 | 23 | 6 | ||
Kentucky rain | 7-3-1970 | tip | |||
You don't have to say you love me | 14-11-1970 | tip | |||
I just can't help believin' | 22-1-1972 | 4 | 11 | ||
Burning love | 25-11-1972 | 19 | 5 | ||
Separate ways | 3-2-1973 | tip | |||
Jailhouse rock | 19-1-1974 | 5 | 9 | ||
Hound dog | 30-3-1974 | tip | |||
My boy | 4-1-1975 | 9 | 8 | ||
T.R.O.U.B.L.E. | 24-5-1975 | tip | |||
Hurt | 8-5-1976 | tip | |||
Moody blue | 22-1-1977 | 14 | 7 | ||
Wooden heart (Muss I denn) | re-release | 3-9-1977 | 2 | 11 | |
Way down | 24-9-1977 | 9 | 8 | ||
My way | 17-12-1977 | 24 | 4 | ||
Are you lonesome tonight (live) | 10-1-1981 | 15 | 7 | ||
re-entry | 24-8-1991 | tip | |||
Heartbreak hotel | 29-8-1987 | tip | |||
Love me tender | 9-3-1991 | tip | |||
Always on my mind | 2-8-1997 | 15 | 6 | ||
Rubberneckin' | 27-9-2003 | 9 | 6 | mei Paul Oakenfold | |
All shook up | 22-1-2005 | 33 | 2 | ||
One night | re-release | 22-1-2005 | 30 | 2 | |
(Now and then there's) A fool such as I | re-release | 29-1-2005 | 34 | 2 | |
[bewurkje seksje] Filmografy
- Love Me Tender (1956)
- Loving You (1957)
- Jailhouse Rock (1957)
- King Creole (1958)
- G.I. Blues (1960)
- Flaming Star (1960)
- Wild In The Country (1961)
- Blue Hawaii (1961)
- Follow That Dream (1962)
- Kid Galahad (1962)
- Girls! Girls! Girls! (1962)
- It Happened At The World's Fair (1963)
- Fun In Acapulco (1963)
- Kissin' Cousins (1964)
- Viva Las Vegas (Love in Las Vegas) (1964)
- Roustabout (1964)
- Girl Happy (1965)
- Tickle Me (1965)
- Harum Scarum (Harem Holiday) (1965)
- Frankie and Johnny (1966)
- Paradise, Hawaiian Style (1966)
- Spinout (California Holiday) (1966)
- Easy Come, Easy Go (1967)
- Double Trouble (1967)
- Clambake (1967)
- Stay Away, Joe (1968)
- Speedway (film) (1968)
- Live A Little, Love A Little (1968)
- Charro! (1969)
- The Trouble With Girls (And how to get into it) (1969)
- Change Of Habit (1969)
- Elvis: That's The Way It Is (1970)
- Elvis On Tour (1972)