Fêste skiif
From Wikipedy
De letterlike oersetting fan "hard disk" is hurde skiif fansels. Mar soks is nochal betiizjend. De koarte skiednis fan de skiif begjint mei de "floppy disk", in 5,25 toms sloppe skiif. Dy waard eins foarôf gien troch in folle minder bekende hiele grutte floppy. Sis mar de langspylplaat ûnder de skiven. As wy it hjoeddeis oer in skiif hawwe, hawwe wy it oer de hurde 3,5 toms skiif.
De "hard disk" sit ynboud yn jo kompjûter en hat hjoeddeis in giga-ûnthâld. Us buortaal it Nederlânsk ken twa oersettings "harde schijf" en "vaste schijf"
No jout de oersetting nei in oare/nije taal lykwols de mooglikheid om in stikje betizing fuort te nimmen. Sa is om betizing tefoaren te kommen "hard disk" prima oer te setten mei fêste skiif.