Filla Bouchina
From Wikipedy
Filla Bouchina is in gebou yn Doetinchem (Gelderlân) dat yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waard as finzenis foar joaden dy't, fanwege bysûndere fertsjinste, spesjale beskerming fan de Dútsers hiene. Dat wie in taktyk dy't in part wie fan it Plan Frederiks - minsken dy't faaks rjocht hienen op sa'n lúks plak soenen net sa gau ûnderdûke.
Der bedarren úteinlik mar njoggen minsken yn de filla. Op 21 april 1943, goed twa moanne nei't se oankaam wienen, waarden hja deportearre nei Theresienstadt.
Yn Barneveld wienen noch twa fergelykbere kampen, kastiel De Schaffelaar en hús De Biezen. Yn dizze twa kampen waarden yn totaal neistenby 700 joaden opsletten.