Fryske-droapen
From Wikipedy
It Fryske-droapen is in twa- of trijedeisk Frysk kultureel festival. It festival wurd om de trije jier op it Helgolân hâlden en lûkt alle kearen wer tûzenen minsken nei it eilân. Troch gearwurking fan de Fryske Rie, de gemeente Helgolân en it bûnslân Sleeswyk-Holstein wurd dit feest mei mooglik makke. It Fryske-droapen wie oant 1998 ta ferneamd ûnder de namme ‘Sternfahrt der Friesen’.
Dit festival moat in byld kreëare fan de Fryske poadiumkultuer tusken it Iselmar en de Dútsk-Deenske grins. De bydragen hjirfoar komme út sawol Noard-, East- as Westerlauwersk Fryslân. Fêste ûnderdielen fan It Fryske-droapen binne it folksdûnsjen yn tradisjonele klaaiïng, de optredens yn de Nordseehalle en de ynterfryske tsjerketsjinst op de lêste dei.
Yn 2007 sil tusken 1 en 3 juny alwer de sechstsjinde edysje fan It Fryske-droapen hâlden wurde.