Krusevo
From Wikipedy
Krusevo (kirillysk Крушево ) is in stêd yn it súdwesten fan Masedoanje mei likernôch 9600 ynwenners.
It is in lytse stêd, en leit op de berch Bušava, 1250-1350 meter boppe de seespegel. Krusevo leit 159 km fan de haadstêd Skopje, 55 km fan de stêd Bitola, 32 km fan de stêd Prilep en 68 km fan de Macedoanysk-Grykske grinsoergong Medżitlija/Niki.
In ieu lien (1900) hie de stêd in tal ynwenners fan likernôch 14.000. Yn de ûnôfhinkelikensstriid fan de Krusevoaren yn 1903, doe hja tsjin de Turkske oerhearsking fochten, waard de stêd foar it grutste part útbaarnt en as risseltaat in protte ynwenners ferstoarn.
Op in lyts oerflak binne yn Krusevo in soad monuminten lykas it hûs fan Nikola Karev, it monument fan it Ilindenferset en de Republyk Krusevo, in galery fan ikoanen en in samling fan skilderwurk fan de Masedoanyske skilder Nikola Martinoski. De St. Nikola, St. Jovan en oare tsjerken binne fan grutte histoaryske en kulturele wearde troch harren ikoanen.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- www.cybermacedonia.com, Toeristyske ynformaasje Krusevo