Skopje
From Wikipedy
Wapen | Lokaasje |
---|---|
![]() |
![]() |
Basisynfo | |
steat: | Republyk Masedoanje |
oerflak: | 1818 km² |
tal ynwenners: | 506,926 (1 jannewaris 2002) |
Skopje (Скопје) is it haadplak en fierwei de grutste stêd (mei likernôch 500.000 ynwenners) yn Republyk Masedoanje, mei in kwart fan it totaal tal ynwenners fan it lân, en ek op it mêd fan polityke, kulturele, ekonoamyske en akademyske saken it sintrum fan it lân. Yn de Romeinske tiid wie de stêd ferneamd ûnder de namme Scupi. De stêd hat sich rap ûntwikkele nei de Twadde Wrâldkriich, oant it jier fan de 1963, as de grutte ierdbeving yn de stêd plak fûn. Hjoed is Skopje in moderne stêd mei in grut tal monuminten.
De lokaasje fan Skopje is 42°0′N 21°26′E, yn it noarden fan Massedoanje op'e ferneamde noard-súd Balkan paad tusken sintraal Jeropa en Athene.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Op 26 july 1963 wurdt Skopje moarns ier troffen troch in swiere ierdbeving fan 6,1 op'e skaal fan Richter. Hjir kamen 1.000 minsken om it libben en reitsjen in oare 120.000 minsken harren hûs kwyt. 80% fan de stêd waard ferneatige troch de beving mei in grut tal monuminten. Sadwaande is de Ottomaanske ynfloed op'e stêd lykwols fuort. Troch ynternasjonale help is de stêd rap der boppenop kaam. Ek it âlde treinstasjon waard ferneatige troch de ierdbeving. It oer fan'e klok stiet noch hieltyd op 5.17, op it stuit dat de ierdbeving plakfûn.
ûnder Joegoslaavje waakste de stêd rap en wie in wichtige yndutry sintrum foar it súden fan'e Balkan regio en súd-east Jeropa. Doe yn 1991 de Joegoslavyske federaasje ta syn ein kaam, waard Skopje as haadstêd fan it ûnôhinkelike Masedoanje. Grikelân waard tsjin op'e namme Masedoanje en begân mei in ekonomyske boykot op it lân, hokker in soad ekonomyske skea opsmyten hat troch it slúten fan Masedoanjes paad nei de see fia Tessaloniki (Solun). De boykot kaam yn 1995 ta in ein nei in oerienkomst tusken beide regearen.
[bewurkje seksje] Polityk
It regear fan'e stêd is diele tusken de boargemaster en de Ried fan de stêd Skopje.
[bewurkje seksje] Boargemaster
De boargemaster wurdt yndirekt keazen, foar in termyn fan fjouwer jier. ûnder boargemaster syn ferantwurdelikens falt it útfierend stêdsregear en hy fertsjinwurdiget de stêd. De boargemaster fan Skopje wurket gear mei de boargemasters fan de stêdsdistrikten
[bewurkje seksje] Ried fan de stêd Skopje
De ried fertsjinwurdiget de ynwenners fan Skopje. De ried is gearstald út 39 keazen riedshearen, 25 direkt troch ferkiezings en de oare 14 troch de distrikt oerheden, dat besjut 2 leden keazen troch in distrikt yn Skopje
De Ried is organisearre yn sân kommisjes/ôfdielings:
-
- Kommisje foar stêdsûntjouwing, ferkear en ûmkriten
- Kommisje Sinteraasje
- Kommisje Wetjouwing
- Kommisje sosjale aktifyteiten
- Sintrale administraasje
- Kommisje planning en ûntwikkeling
- Kommisje knformaasje Systeem
De ried wurket gear mei de lokale distrikten fan'e stêd, oare stêden yn Masedoanje en Skopje syn partner stêden.
[bewurkje seksje] Partner Stêden
- Ankara, Turkije
- Dresden, Dútslân
- Dijon, Frankryk
- Roubaix, Frankryk
- Tempe, Arizona, Feriene Steaten
- Waremme, Belgje
- Bradford, Grut-Brittanje
- Istanbûl, Turkije
- Craiova, Roemeenje
- Blagoevgrad, Bulgarije
- East York Toronto, Kanada
[bewurkje seksje] Ferneamde minsken berne yn Skopje
- Mem Teresa (Agnes Gonxha Bojaxhi)