Mallobaudes
From Wikipedy
Mallobaudes (ek wol Merobaudes) wie yn de 4e ieu generaal yn it Romeinske leger en kening by de Franken. Hy wie ûnder keizer Gratianus in skoflang generaal en waard letter rex Francorum, kening oan de oare side fan de Ryn-grins.
[bewurkje seksje] Skiedenis
Mallobaudes stamme ôf út it aadlik Frankyske skaai. As jongkeardel makke hy yn it Romeinske leger opgong. Hy waard oanfierder fan it leger dat yn 376 op fjildtocht moast tsjin de Allemannen. Yn de Elzas yn de slach by Argentovaria fersloech hij dizzen by de hjoeddeiske stad Colmar.
Tidens de usurpatie van Magnus Maksimus yn 383 bleau Mallobaudes earst trou oan keizer Gratianus en loek mei dizze tegaerre op tsjin de opstânnelings. Mar doe de keizer al by de earste skermutselings yn de omkriten fan Parys gien intresse toande foar de militêre strategieën, ferlear hy al syn fertrouwen yn de keizer en rûn oer nei it kamp fan Maksimus.
Ûnder dizze keizer hâlde Mallobaudes syn rang fan generaal by it leger en die mei oan syn kriegskampagnes. Keizer Maksimus waard lykwols yn 388 ferslein yn de slach oan de Save troch keizer [[Theodosius]. Mallobaudes hy oan de side fan Maximus mei striden, en koe nei de nederlaach op tiid fuortkomme. Hy ferliet Galje en kearde werom nei syn eigen folk. Letter waard hy troch de Franken útroppe as kening.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Edward James, De Franken, Baarn, 1988, side 52.