Reaklif
From Wikipedy
It Reaklif by Skarl tusken Starum en Laaksum is in oerbliuwsel út de Saale iistiid. De namme hat it te tankjen oan de readêftige liem dy't troch dêr troch de iiskape opinoar skowt is. It Reaklif leit likernôch 20 meter boppe NAP.
Tsjintwurdich leit it klif der kultivearre by: de Iselmarkant is belein mei stien en boppekant is egalisearre. Yn eardere tiden, foar it oanlizzen fan de Ofslútdyk riisde it as in echt klif rûch op oan de westkant fan de Sudersee.
Oer it ûnstean fan it Reaklif diene earder ferskate mites de rûnte. Neffens guon hie op it plak fan it klif yn de oertiid in fulkaan stien, neffens oaren hie de reade kleur fan it klif te meitsjen mei in fjoerspuiende draak dy't dêr op 21 juny altyd út de grûn kaam. Yn de omkriten fan it klif giet noch altyd it sechje dat tongerbuien boppe it Reaklif yn twaën brekke.
Op it Reaklif stiet sûnt 1945 in monumint ta oantinken oan de Slach by Warns dy't yn dy omkriten yn 1345 plakfûn hat. Op it klif fynt alle jierren de betinking fan dy slach plak.
It reaklif hat yn de rin fan de tiid troch ferskate keunstners ynspirearre. Sa hat de dôve keunstskilder Eelke Jelles Eelkema it rûge oansjen fan it klif yn 1820 ferivige.