Riemer van der Velde
From Wikipedy
Riemer van der Velde (* 1940) wie fan septimber 1983 oantenmei 1 oktober 2006 de foarsitter fan fuotbalklup SC It Hearrenfean.
Yn syn jonge jierren die Van der Velde oan gersbaanresen. By it fuotbaljen wied er topskoarder by fjirdeklasser Bakkefean.
Yn de 23 jier dat Van der Velde foarsitter wie, feroare It Fean fan in middelmjittige Earste Devysjeklup yn in Earedevysje subtopklup. De skulden waarden sanearre, trener Foppe de Haan waard nei de klup helle en it Abe Lenstra stadion waard boud.
Riemer van der Velde wennet hjoeddedei mei syn frou Annie oan de mar yn Langwar.
By syn ôfskie wie Van der Velde mei 23 jier de langstsittende preses fan in Nederlânske bettele fuotbalkup ea. It foarsitterskip fan SC It Hearrenfean waard fan him oernaam troch Koos Formsma.