Rutmer van der Meer
From Wikipedy
Rutmer van der Meer (* Lima, Peru, 7 febrewaris 1980) is in keatser dy't opgroeide yn Wergea. Hy is sûnt 1999 opslagger yn de haadklasse fan de KNKB. Syn grutste suksessen wiene de winst op de PC's fan 2001 en 2005. Yn 1996 wûn Rutmer de twadde priis op de Freule. De finale gie ferlern mei alles oan 'e hang.
Syn suksesfolste jier as klassemintskeatser is 2005. Hy formearre mei Chris en Jacob Wassenaar. Hoewol't Rutmer van der Meer de opslagger fan it partoer is, nimt hy yn dy formaasje faak de foarminst opslach foar syn rekken.